Hylpen (gemeente)
Hylpen | |
---|---|
It sylhûs yn Hylpen. | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Hylpen |
grutste plak | Hylpen |
ynwennertal | 858 (1981)[1] |
befolkingstichtens | 170,6 / km² |
oerflak | 5,03 km²[2] |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 0 |
skiednis | |
oprjochte | 1372 |
opheft | 1984 |
opgien yn | Nijefurd |
no part fan | Súdwest-Fryslân |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
- Dizze side giet oer de eardere gemeente Hylpen. Foar de stêd, sjoch: Hylpen.
Hylpen (Nederlânsk en offisjeel: Hindeloopen) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld it histoaryske stedsje Hylpen mei syn klokslach omfieme. De gemeente Hylpen hie op 1 jannewaris 1981 858 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 5,03 km².[2] De gemeente Hylpen gie yn 1984 op yn Nijefurd.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Hylpen lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke, oan 'e kust fan 'e Iselmar (foar 1932 de Sudersee). It gebiet waard yn it noarden begrinzge troch de gemeente Warkum, yn it easten en súdeasten troch de gemeente Himmelumer Aldefurd en yn it westen troch de it wetter. Yn totaal hie de gemeente Hylpen in oerflak fan 5,03 km².[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hylpen krige yn 1372 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Drylts, Frjentsjer, Harns, Snits, Starum en Warkum. Hylpen wie fan 'e ein fan 'e Midsiuwen oant de achttjinde iuw in wichtich hannelssintrum, dat grutte wolfeart koe. Yn 1714 waarden der noch 2.230 ynwenners telt.[3] Letter rekke it ekonomysk mei it stedsje yn it neigean.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Hylpen as gemeente opheft en mei de gemeenten Starum en Warkum en it grutste diel fan Himmelumer Aldefurd gearfoege ta de nije gemeente Nijefurd. It gemeentehûs kaam doe yn Warkum te stean. By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Nijefurd op syn beurt opheft en mei Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel gearfoege ta Súdwest-Fryslân.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Hylpen in befolking fan 858 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 170,6 minsken de km².
Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 54,5% fan 'e befolking fan Hylpen herfoarme, 13,5% grifformeard en 7% minnistysk. Roomsen wiene der yn Hylpen mar amper. Fierders bestie 25% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.[1]
Wat de polityk oangie, wie de PvdA yn Hylpen de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 37,2% fan 'e stimmen; de PvdA 41,8%; de VVD 9,3%; de FNP 3,3%; en D66 0,8%.[1]
Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Hylpen 8,8% wurksum yn 'e lânbou (en de fiskerij); 43,9% yn 'e yndustry; en 33,3% yn 'e tsjinstesektor.[4] It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 14,4% en foar froulju 16,7%.[4]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
· · |