Springe nei ynhâld

Kûfurderrige

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koufurderrige)
De himrik fan Kûfurderrige
N354 yn Kûfurderrige

Kûfurderrige (Nederlânsk: Koufurderrige) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, west fan De Kûfurd oan de N354. Oant 2011 lei Kûfurderrige yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It leit oan de strjitwei fan Snits nei De Lemmer. It doarp hat likernôch 98 ynwenners (2006). It is nei 1951 foarme út in tal huzen en pleatsen dy't west fan de Kûfurd yn leinen en ûnder ferskate doarpen foelen. Oant 1984 lei it doarp yn de gemeente Doanjewerstâl.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de streek westlik fan de mar sa goed as leech. Yn it noarden stiet allinne it buorskip Sand Buiren oanjûn, trije buorkerijen en in fûgelkoai en folle súdliker, oan ‘e súdkant fan de feart de Welle, is noch in fûgelkoai yntekene.

De streek hat gjin selsstannige status, mar hearde yn parten oan de oare kant fan de Kûfurd. It lytste, noardlike part hearde mei Sand Buiren by Langwar. It middelste, grutste, mar wol lege gedielte hearde ûnder Diken en it súdlike part by Teroele. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, dy't yn it lêst fan de 18e iuw opmakke waard, wurdt gjin oandacht oan dizze lege streek jûn.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 stiet de ryksstrjitwei, dy‘t yn 1848 fan Snits nei De Lemmer oanlein is, oanjûn. Dizze is foar de ûntwikkeling fan it gebiet fan grutte betsjutting wurden. Yn it Langwarder gebiet leit de buert Sânbuorren of Sângaast noch altyd en fuortby de nije dyk en de Jeltesleat is der in pleats by kaam. Oan de igge fan de mar is op it gebiet fan Diken de pleats Koesprong kaam en yn it súdlike Teroelster gebiet kaam by de ferfallen fûgelkoai oan de kant fan de mar ek in boerepleats.

In bekende ynwenster fan it doarpke wie hurdrydster Akke Falkena.

Nûmer.

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje