Springe nei ynhâld

Kimswert

Ut Wikipedy
Kimswert
Harnzer Feart yn Kimswert
Harnzer Feart yn Kimswert
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 550 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8821
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8' 25" NB, 5° 26' 8" EL
Himrik fan Kimswert yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Himrik fan Kimswert yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Offisjele webside
Side Kimswert
Kaart
Kimswert (Fryslân)
Kimswert
Grutte Pier
Mûne De Iendracht mei Kimswert op de eftergrûn
Kimswert, 1988

Kimswert is in Frysk doarp besuden Harns, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 lei sûnt minskewitten Kimswert yn 'e gemeente Wûnseradiel. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht en telde yn 2021 likernôch 550 ynwenners. Under Kimswert falle ek de buorskippen Dyksterbuorren en Kluerda. Wapen en flagge binne giel en blau en komme fan 'e kleuren fan 'e Heemstra's dy't east fan it doarp in state hiene. Yn it wapen stiet ek it grutte swurd fan Grutte Pier, de meast ferneamde histoaryske ynwenner fan Kimswert.

Kimswert wie it doarp fan de ferneamde Grutte Pier. Hy moat om 1480 hinne berne wêze en waard frijheidsstrider fan Fryslân. Hy hat him benammen fersetten tsjin it gesach fan 'e Saksen en de Hollanders "fan oer de Sudersee". Der stiet yn Kimswert in byld fan him.

De St-Laurentiustsjerke

De Sint-Laurentiustsjerke stiet op in terp. It âldste diel fan de tsjerke is fan likernôch 1050. It romaanske dowestiennen skip is noch fan de 11e iuw. It koar waard der yn de twadde helte fan de 13e iuw by boud. Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde timpaan (12e iuw of 13e iuw), makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf.
De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien, lykas de beklamping fan de súdgevel. De dowestiennen toer ferriisde yn de 12e iuw en waard yn 1516 yn bakstien ferhege. Yn de toer hinget in troch Geert van Wou getten klok (1515). It ynterieur wurdt dutsen troch in houten tonferwulft. Ynterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan Tjaerd fan Aylva yn let-maniëristyske styl fernijd. Dêr hearre de betimmerings, de koarôfskieding, de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen, it doopstek, de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra by. Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark (1614) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W. Hardorff boud oargel (1858). Tn 2010 binne it tonferwulft, de flierdielen, it meubilêr, de muorren en de kezynen restaureare.

Oan de Dyksterbuorren stiet mûne De Iendracht.

Ien fan de groepen fan Doarpsbelang hâldt him dwaande mei it doarpshûs dat, mank mei de skoalle, yn it MFS "Pierstee" stiet. It doarpskrantsje hjit De Mienskip. Der binne gjin winkels mar wol in skoalle. De Moudekrûpers is it pjutteboartersplak.

  • Greate Pier fan Wûnseradiel - reuzegilde, yn novimber 2015 opheft.
  • Kimswert Delight - sjongen
  • Folksdûnsgroep Kimswert
  • Onderling Genoegen - hearesoos
  • Senioareclub
  • De Stipe - bern
  • De Helfrichs - keatsen
  • De Keuvelaars - frouljusbiljerten
  • OKK - muzyk
  • Piere Pôle - boarterstúnferiening
  • Fûgelwacht

Berne yn Kimswert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Kimswert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje