Willem Hardorff
Appearance
Willem Hardorff (Ljouwert, 8 maart 1815 – Ljouwert, 24 septimber 1899) wie in oargelbouwer.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Willem Hardorff wie de soan fan boekbiner Hans Hardorff en de pakesizzer fan Matthijs Hanssen Hardorff (1747-1802), dy't grutfeint wie fan de bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. Willem Hardorff krige ûnderrjocht fan Van Dam. Yn 1843 nimt er de oargelmakkerij fan Wilhelmus van Gruisen (1788-1843) oer. Hy makke en ûnderhâlde oargels foar tsjerken yn fral Fryslân. Willem Hardorff hie ek learlingen, ûnder oaren de oargelbouwers Fokke Bakker en Arjen Timmenga fan Bakker & Timmenga. Yn 1880 ferkocht er it bedriuw oan Johan Frederik Kruse.
Oargels fan Hardorff (kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Plak | Tsjerke | Jier |
|---|---|---|
| Baaium | Herfoarme tsjerke | 1860 |
| Britsum | Herfoarme tsjerke | 1862 |
| Deinum | Herfoarme tsjerke | 1865 |
| Iens | Herfoarme tsjerke | 1860 |
| Ealahuzen | Herfoarme tsjerke | 1865 |
| Frjentsjer | Grifformearde tsjerke | 1854 |
| Gau | Herfoarme tsjerke | 1862 |
| Hantum | Sint-Martinustsjerke | 1876 |
| Ysbrechtum | Herfoarme tsjerke | 1867 |
| Itens | Herfoarme tsjerke | 1876 |
| Kimswert | Herfoarme tsjerke | 1858 |
| Kûbaard | Herfoarme tsjerke | 1856 |
| Menaam | Herfoarme tsjerke | 1861 |
| Easterein | Martinytsjerke | 1870 |
| Easterlittens | Herfoarme tsjerke | 1867 |
| Aldskoat | Skoattertsjerke | 1871 |
| Wânswert | Petrustsjerke | 1877 |
| Winsum | Herfoarme tsjerke | 1875 |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hardorff organs fan Wikimedia Commons. |
