Kristoffeltsjerke (Kûbaard)
Kristoffeltsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Kûbaard | |
adres | Tsjerkebuorren 5 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1889 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21541 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN gemeente Kûbaard |
De Kristoffeltsjerke is de eardere herfoarme en hjoeddeiske PKN-tsjerke fan Kûbaard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten datearret de tsjerke út de 13e iuw. Under de yn de 19e iuw oanbrochte pleisterlaach soe noch dowestien sitte. As de tsjerke yndied dy âlderdom hat, dan is de tsjerke yn de 16e iuw yn let-goatyske styl ferboud. Yn de roomske tiid wie de tsjerke oan Sint-Fiktor wijd. Dat de tsjerke tsjintwurdich de namme fan de hillige Kristoffel draacht hat te krijen mei it fresko fan de hillige dat by it oargel yn de jierren 1980 bleatlein en restaurearre waard. Foar de hjoeddeiske toer, dy't yn 1885 boud waard, moast de midsiuwske toer mei sealtek ôfbrutsen wurde.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in tradisjonele ynrjochting. De preekstoel mei in dooptún stiet oan de súdlike muorre. Lykas ek de twa hearebanken oan de oare kant fan it paad datearret de preekstoel út de 17e iuw. De muorreskildering fan Sint-Kristoffel datearret út likernôch 1500.
Noch net sa lang ferlyn is by de restauraasje fan 2004 de 19e-iuwske kreake yn it koer ferwidere. De bou fan de kreake wie nedich om't Wommels in frijsinnige dûmny krige en in soad tsjerkefolk de wyk namen nei Kûbaard, dêr't de dûmny noch rjochtsinnich wie. De tagong yn de meast eastlike muorre fan it koer en it boppediel fan it finster binne oantinkens út de tiid dat de kreake boud waard om it folk bergje te kinnen.
By de restauraasje fan 2014 kamen in grut tal âlde sarken foar it ljocht. Fan de 18 sarken wiene der twa út 1340.
Yn de toer hingje twa klokken, wêrfan't ien getten waard yn 1677 troch Petrus Overney. De oare klok is in moderne klok.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke stiet in oargel fan Willem Hardorff (1815-1899). It is it âldste noch komplete oargel fan de Ljouwerter oargelbouwer. It oargel waard yn 1856 boud as in ynstrumint mei alve registers ferdield oer haad- en boppewurk. In jier letter waarden de bylden op de oargelkas tafoege. Bakker & Timmenga feroaren it ynstrumint by in restauraasje yn 1924. Under advys fan Theo Jellema waard de restauraasje fan it oargel yn 2017 foltôge. Eardere feroarings oan de disposysje waarden weromdraaid.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|