Theo Jellema
Theo Jellema | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Theo Jellema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1955 | |
berteplak | Ljouwert | |
wurkpaad | ||
aktyf as | Oargelist |
Theo Jellema (* 1955 yn Ljouwert) is in bekende oargelist en muzykpedagooch.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Theo Jellema waard yn Ljouwert grutbrocht en mei't syn heit en mem him mei nei tsjerke namen, die Theo Jellema al ier as jonkje syn fasinaasje foar it oargel op. Alhoewol't syn âlders him thús net mei muzyk grutbrochten, mocht Jellema nei't er in jier blokfluitles hân hie fan syn âlders op pianoles. Doe't er 14 jier wie, krige Jellema as jonge les fan Jan Veninga, de oargelist fan 'e Opstanningstsjerke yn Ljouwert.
Nei de HBS studearre Jellema oan it Stedskonservatoarium fan Grins yn 'e oargelklas fan Wim van Beek, mar hy bleau yn Ljouwert wenjen en hie de kaaien fan ferskillende tsjerken om dêr te oefenjen op 'e oargels.[1] Yn 'e stúdzjetiid wie Jellema ek dosint op 'e foaroplieding. Yn 1978 helle Jellema syn solodiploma mei ûnderskieding. Yn 'e jierren 1983-1989 dosearre er oargel oan 'e konservatoaria fan Grins, Swol en Arnhim.
Jellema joech in grut tal konserten yn Europa, mar ek yn Japan. Ek wie Jellema regelmjittich jurylid by oargelconcoursen. Ferskillende prestaasjes fan Jellema foelen op. Yn 1999 spile er bygelyks it folsleine oargelwurk fan Olivier Messiaen yn 'e Ljouwert en Snits en yn 2000 yn Ljouwert it folsleine oargelwurk fan Johann Sebastian Bach. Fan 2021 oant 2023 joech Jellema in searje fan 24 Bach-konserten op 'e histoaryske oargels yn 'e gemeente Ljouwert.[2][3]
Jellema wie dêrnjonken oargelist yn ferskillende tsjerken fan Fryslân en yn 2017 waard Jellema beneamd ta stedsoargelist fan Ljouwert.
Sûnt 1998 joech Theo Jellema tegearre mei Jan Jongepier alle jierren lieding oan 'e op inisjatyf fan Jongepier opsette oargelreizen yn Europa fan 'e Stifting Ynternasjonale Oargelreizen. Nei it ferstjerren fan Jongepier yn 2011 die Jellema dat allinnich en op dy reizen konsertearre Jellema op likernôch 20 ferskillende oargels.
Theo Jellema is lid fan it Kolleezje fan Oargeladviseurs yn Nederlân en advisearret by restauraasjes fan oargels. By de Stifting Organum Frisicum wie Jellema artistyk adviseur en hy is redakteur fan 'e Fryske Oargelkrante, dy't ienris yn't jier ferskynt.
Yn 2019 waard syn wurk Orgelbouw na 1945 in Friese kerken troch de Stifting Organum Frisicum útjûn. Mei dat boek frege Jellema omtinken foar de troch ûntstjerkliking bedrige oargels, dy't nei 1945 foar Fryske tsjerken boud binne.[4]
Foar syn krewearjen foar de oargelkultuer yn it algemien en dy fan Fryslân yn it bysûnder waard Jellema yn 2015 ta Ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau beneamd.[5]
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Orgelbouw na 1945 in Friese kerken (útj.: 2019, Stichting Organum Frisicum)
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1992: Het Schnitger Timpe van Oeckelen orgel (Aatsjerke, Grins)
- 1993: Theo Jellema en Jan Jongepier bespelen de orgels van de Grote kerk te Wijk bij Duurstede
- 1995: Orgelwerken Johann Sebastian Bach (Hinsz-oargel, Petrustsjerke, Liens)
- 1995: Organworks Johann Sebastian Bach (Müller-oargel, Grutte Tsjerke, Ljouwert)
- 2003: Orgelmuziek uit de 17e en 20e eeuw voor Advent en Kerst (Müller-oargel, Grutte Tsjerke, Ljouwert)
- 2006: Theo Jellema bespeelt het orgel van de Martinikerk van Groningen
- 2015: Grote of Jacobijnerkerk Leeuwarden - 1724-1727 Christian Müller
- 2015: Handel & friends (mei Erwin Wiersinga, Hinsz-oargel Katarinatsjerke, Roan; Schwartszburg/Van Dam-oargel Waalske tsjerke, Ljouwert)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fanwegen syn fertsjinsten foar de Frânske oargelkultuer waard Jellema yn 2003 yn Parys de sulveren medaille fan 'e Société Académique ‘Arts, Sciences et Lettres’ takend.