Albertus Antoni Hinsz

Ut Wikipedy
Tinkstien yn de Lutherske Tsjerke yn Grins

Albertus Antoni Hinsz (Hamburch, 1704 - 1785) wie in wichtich fuortsetter fan de Noard-Dútske oargelboutradysje. De Noard-Dútske oargelboutradysje yn Nederlân belibbe in hichtpunt troch de komst fan de Dútske oargerbouwer Arp Schnitger. Hinsz wie learling fan Frans Caspar Schnitger sr., soan fan Arp Schnitger, en/of Joachim Richborn.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn Dútslân, mar sette him yn 1728 nei wenjen yn Grins en troude yn 1732 mei de widdo fan F.C. Schnitger. Twa letter ferneamd wurden Fryske oargelbouwers binne as feint by Hinsz begûn: Lambertus van Dam en Albertus van Gruisen. Ek Frans Casper Snitger jr., Heinrich Hermann Freytag en Matthijs Hansen Hardorff hawwe in wichtige rol spile yn Hinz syn oargelmakkerij en sette it bedriuw fuort nei syn dea.[1]

It wurk van Hinsz hat wat klank oanbelanget opfallende skaaimerken. Dit komt fral omdat er syn folstimmen faak op tertsen basearre hat. Tertsmiksturen meitsje de klank 'sulvereftich' en dêrom kin in Hinsz-oargel sûnder mis herkend wurde. De opbou fan syn ynstruminten is ek karakteristyk. De frontyndielingen binne tige karakteristyk en yn earste line grûnfêste op it ynstrumint fan syn grutte foargonger Schnitger yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke fan Swol.

Hinsz boude ûnder oaren oargels yn Zandeweer (1731), Liens (1733), Midwolda (1772) en Uthuzermieden (1785). Under de bou fan de lêste stoar Hinsz. Syn grêf is yn de Luterske Tsjerke te Grins, dêr't ek in tinkstien pleatst is. Fierders binne der oargels fan him yn Haren, Damwâld, Roan, Tsjom, Wassenaar. Grutte ynstruminten fan him stean yn Harns (1776) en Boalsert (1781). Ek as restaurateur en ombouwer fan ynstruminten hat Hinsz tige warber west. Sa hat er it Rêchwurk fan it oargel yn de Martinitsjerke yn Grins (1730) en fan it oargel yn de Herfoarme tsjerke fan Peize (1758) boud. It sierwurk fan syn oargels waard ûnder oaren dien troch de byldsniër Casper Struiwig.

Faaks is it grutte oargel yn de Bovenkerk te Kampen (1744) syn meast yndrukmeitsjende wurk. Dit oargel is wat piipwurk oangiet fral in fúzjeoargel. In protte pipen binne âlder as Hinsz. Der sit piipwurk yn fan in oar bekend oargelbouwerslaach út de 17e iuw, de famylje Slegel, mar ek fan in grut tal oargelbouwers fan foar en nei Hinsz.

Tsjerken mei in Hinsz-oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier plak tsjerke byld manualen registers opmerkingen
1730/40 Grins Martinitsjerke
III/P 47 Utwreiding fan it oargel fan Arp en Frans Caspar Schnitger; no (III/P/52) noch 2-3 registers fan Hinsz bewarre
1731 Zandeweer Herfoarme Tsjerke II/p 16 Earste nijbou fan Hinsz; yn 19e en 20e iuw wizigings yn de disposysje
1733–34 Liens Petrustsjerke
II/P 27 Nijbou fanwege Anna Habina Lewe, douairiêre Van Starkenborg; yn 19. en 20e iuw wizigings
1735 Loppersum Herfoarme Tsjerke
II/p 20 Nij piipwurk yn haadwurk fan ien út 1562; yn 1803 ferfanging fan it piipwurk fan it rêchwurk troch H.H. Freytag
1738 Kampen Broedertsjerke
III/P 32 Nijbou mei gebrûk fan registers fan it âlde oargel; 1822 ombou troch A. van Gruisen (II/p); letter útwreiding en wizigings
1739 Bronkhorst Herfoarme Kapel I 7 Nijbou fan in kabinetoargel foar Utert(?); wizigingen yn de disposysje 19e iuw; hat op ferskate plakken stien
1739 Utert Akademygebou II/P 22 Ienklaviers nijbou foar Luterske tsjerke Dimter
1741–43 Kampen Boventsjerke
III/p 33 Ombou en útwreiding fan oargel fan Slegel (1676) ta grutste oargel fan Hinsz; yn 1790 in selsstannich pedaal en in boarstwurk fan H.H. Freytag en F.C. Schnitger (IV/P/46) derby; letter wizigingen; no IV/P/56
1744 Appingedam Nicolaïtsjerke II/p 20 Nijbou; goed bewarre
1751 Meeden Benediktustsjerke I/p 8 Nijbou
1752/68 Noordbroek PKN Tsjerke
II/P 24 Utwreiding fan oargel fan Arp Schnitger (1696) en wizigingen yn de disposysje; 1809 selsstannich pedaal fan H.H. Freytag derby; 1855 wiziging troch P. van Oeckelen
1754 Kampen Bûtentsjerke
II/P 20 Nijbou, wol âld piipwurk brûkt
1758 Peize Jehannestsjerke II/P 22 Rêchwurk oan âlde oargel fan A. Verbeeck (1631) tafoege; oargel oant 1862 yn de Pepergasthûstsjerke yn Grins
1765 Tsjom Jehannestsjerke
II/p 20 Ombou fan it oargel fan Stevens
1763–66 Leer Große Kirche II/p 21 Oargel fan Marten de Mare (1609) ta in nijenien omboud, útwreiding fan haadwurk kwa disposysje en klavieren, nije kast en tafoeging fan in rêchwurk; no III/P/37
1766–67 Seisbierrum Sixtustsjerke
II/P 27 Nijbou; in 1922-24 piipwurk ferfongen; ses-register fan Hinsz nei Boarnburgum, ien nei Waaksens en fjouwer nei Sebaldebuorren
1769 Wassenaar Doarpstsjerke
II/p 13 Nijbou; 1792 tafoeging fan in rêchwurk troch L. van Dam; no I/p/20
1770 Haren Nikolaastsjerke
I/P 13 Nijbou
1772 Midwolda Krústsjerke
II/P 33 Nijbou; goed bewarre
1774 Grins Pelstergasthûs
II/p 20 Utwreiding fan it oargel fan Arp Schnitger (1693/1712); 1875 wizigings yn de disposysje fan P. van Oeckelen
1775–76 Harns Grutte Tsjerke
II/P 34 Nijbou; 1864 wizegingen troch P. van Oeckelen
1776–77 Dantumawâld Benediktustsjerke I/p 8 Nijbou
1777–78 Minnertsgea Meinardstsjerke II/p 20 Nijbou; ferbaarnd yn 1947
1780 Roan Katarinatsjerke II/p 17 Nijbou
1781 Boalsert Martinitsjerke
II/P 34 Nijbou; 1861 in boppewurk taheakke troch L. van Dam; nû. III/P/42
1783 Driezum Grutte Tsjerke
I/p 11 Nijbou; wizigingen yn 19. en 20e iuw
1783 Godlinze Pankratiustsjerke
I/p 12 ombou fan it twaklaviers oargel fan Arp Schnitger (1704) yn in ienklaviers ynstrumint
1785 Uthuzermieden Mariatsjerke II/P 28 lêste nijbou, net troch Hinsz foltôge; letter ferskate wizigings

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Skiednis firma Roelf Meijer, oargelbouwers
  • Wikipedia nl: Albertus Antonius Hinsz