Herfoarme tsjerke (Midwolda)
Herfoarme tsjerke
Herformde kerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Midwolda | |
adres | Haadstrjitte 168 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1738 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 29921 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN Midwolda |
De herfoarme tsjerke fan Midwolda yn de provinsje Grinslân is in protestantsk tsjerkegebou út 1738.
Foargonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ienfâldige hjoeddeiske tsjerke ferfong in monumintale, sechtich meter lange romaanske tsjerke út likernôch 1200. Dy tsjerke hie oarspronklik mar leafst fjouwer tuorren, in koer en sydskippen. Tsjintwurdich betinkt allinne de namme fan de pleats 'Ol Kerke' it plak dêr't de romaanske tsjerke ea stien hat. De yn 1738 ôfbrutsen tsjerke soe de grutste tsjerke fan de hiele provinsje Grinslân west ha.
Skiednis hjoeddeisk gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De toer waard al yn 1708 boud, wylst de tsjerke pas yn 1738 foltôge waard. De nijbou waard fral mooglik troch Johan Hora, de bewenner fan de Ennemaboach. As oantinken oan de fjouwer tuorren fan de romaanske tsjerke krige de nijbou op dak fjouwer pinakeltsjes. De fjouwer earnen op de wynwizers fan de pinakeltsjes ferwize nei Grins, dy't de patronaatsrjochten fan de tsjerke besiet. Oars as de âlde tsjerke krige de nijbou in plak by de doarpskearn.
De tsjerke waard yn 2014 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken, mar wurdt troch de PKN noch wol brûkt foar tsjerketsjinsten.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ynrjochting fan de tsjerke is 18e-iuwsk. De preekstoel is fersierd mei fykwurk en der binne twa hearebanken mei it wapen fan Hora Siccama
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke hat in monumintaal piipoargel út 1772. It waard boud troch de oargelmakker Albertus Antoni Hinsz. In pakesizzer fan Johan Hora, Johan Hora Siccama, makke de bou fan it oargel mooglik. It ynstrumint, it grutste doarpsoargel fan Noard-Nederlân, besit 33 registers ferdield oer twa manualen en in frij pedaal. It piipwurk is noch hielendal oarspronklik. Yn de jierren 1990 joech oargelmakkerij Van der Putten en B. Veger it oargel de klank fan Hinsz werom.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|