Midwolda

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Eardere herfoarmde tsjerke
De Ennemaboarch

Midwolda is in doarp in de Nederlânske gemeente Oldambt in Grinslân. Midwolda hat goed 2000 ynwenners.

Oant 1990 wie Midwolda in selstannige gemeente, mar sûnttiids is Midwolda part fan de gemeente Scheemda. Yn it âlde gemeentehûs sit no (anno 2005) in Ingelsk teehûs
. It doarp hat in tsjerke út 1738 mei in ferneamd oargel fan de Dútse oargelbouwer Hinsz. Op it oargel wurde geregeldwei konserten jûn. Foar 1738 stie de tsjerke fan Midwolda benoarden fan it doarp.

De sjongster Imca Marina wennet yn Midwolda, dêr't sy as amtner fan de boargerlike stân op har pleats houlikken slút. Fierder is it doarp bekend om it lânguod Ennemaboarch) en har reedridersbaan, dêr't yn strange winters maratons op natoeriis ferriden wurde. De boarch wurdt bewenne troch keunstnaresse Maya Wildevuur, dy't dêr ek har gallery hat.

Besuden it doarp leit it Blauwestêd-projekt, in gebiet dat mei opsetsin ûnder wetter set is en dêr't in nije wenmienskip mei 1500 wenten komme moat. Dit plan soe yn 2016 klear west hawwe moatte, mar de ferkeap fan huzen (huzebou) heakket frijwat. Guonts binne anno 2010 fan betinken dat it projekt mislearre is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]