Pekel A

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Pekel A besuden Wynskoat
Bopperin fan de Pekel A op in topografyske kaart út 1933
Underrin fan de Pekel A op in topografyske kaart út 1933

De Pekel A, of Pekel Aa is in lytse rivier tusken Alde Pekela en De Bult beëasten Wynskoat dêr't it yn de Westerwâldske Aa útmûnet.

De nammen fan de doarpen Alde Pekela, Nije Pekela en Boppe Pekela krigen harren namme fan de Pekel A. It part dat troch de Pekela's rint wie eartiids in part fan de bopperin. De boarne fan de feanrivier lei yn de Hoetmansmar bewesten it hjoeddeiske Boppe Pekela. Yn de fyftjinde iuw boude de stêd Grins by Suderfean de Pekelboarch.

De namme Pekel A komt nei alle gedachten fan it wurd pekel (pikel, mei sâlt sêde wetter) en A ferwiist nei in wetterrin, dus de Pekel A betsjut "sâlte wetterstream". Troch it ûnderstrûpen fan it lân troch it wetter fan de Doalert waard de mûning fan it rivierke, dat fan de heechfean yn see rûn, sâltich. Neffens in oerlevering fan de sechtjinde iuw wie yn 1418 it tijferskil tusken Wynskoat en Blijham te sjen. Yn 1427 wie de rivier de skieding tusken Westerwâlde, mei Blijham en Bellingwolde en it westlikste part fan de Fryske goa Reiderlân, dat letter by de goa it Aldamt foege wurde soe. Yn 1566 waard de rivier foar it earst Pekell Ae neamd, wylst de Pekelboarch al yn 1482 neamd waard.

De oarspronklike namme koe de Reider Ae west hawwe, want in kaart út 1616/1617 neamt de namme Olde Reijder Ae alias Olde Pekel Ae. Oare dokuminten stelle de Pekel A lyk oan de Rydt of Rensel, dy't de grins tusken Wynskoat en Blijham foarme. Dy grins rûn fierder súdlik yn de foarm fan in ferdwûne sydstream. Letter kaam de Veensloot of Veenkensloot (1562) dêrfoar yn 't plak, dy't him ôfspjalte fan de Pekel A en dêrnei súdliker rûn.

Yn it begjin fan de sechtjinde iuw hie de Doalert syn wiidste omfieming en doe ferdwûn suver de ûnderrin fan de rivier oant likernôch it hjoeddeiske doarp Alde Pekela ta. Yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw foel it lân om de âlde ûnderrin hinne wer drûch troch it opslykjen en doe ûntstie der in nije wetterrin, dy't de namme Pekel A krige. Ynearsten lei der in slûs by Wynskoaterhegebrêge, dy't by nije ynpolderings ferskate kearen ferpleatst waard. Om 1590 hinne ûntstie de delsetting Wynskoatersyl.

Oarspronklik rûn de Pekel A bewesten it eilân fan Ulsda en mûne justjes fierderop út yn de Westerwâldske Aa. By Wynskoat ferienige er mei de Rensel, in lytse feanrivier dy't by Westerlee ûntsprong. Yn 1596 waard der in nije trochbraak nei de Westerwâldske Aa makke by De Bult, dy't de "Nije Rensel" neamd waard. It ôfdamme part waard Heerensloot of Olde Rensel neamd. Dy wie wichtich benammen as grinssleat tusken Beerta en it besit fan de stêd Grins op it eardere eilân Ulsda. Inkelde meänders fan de rivier waarden om 1600 hinne rjochtlutsen en oare stikken waarden ôfsnien. It nije kanaal krige de namme Clocks Nieuwe Diep, wylst de kringeljende âlde rin tenei Olde Aa neamd waard.

Yn 1728 waard de Pekel A kanalisearre en krige doe de namme Pekelder(hoofd)diep. Dy kanalisaasje wie nedich fanwegen de feanterij. By it kanaal del ûntstiene dêrnei de doarpen Alde, Nije en Boppe Pekela.