Fryske Goaen
De Fryske Goaen foarmen yn de Midsiuwen in part fan de Fryske Seelannen. Fan dizze goaen binne in grut tal âlde rjochtsteksten bekend. Benammen teksten fan de 17 Kêsten en 24 Lânrjochten binne bewarre bleaun. Ut dy teksten blykt dat de goaen in beskate gearwurking ûnder inoar hienen. De goaen stean somtiden ûnder ferskillende nammen bekend, wylst oaren wer ûnderferdield binne yn lytsere ienheden.
De Fryske Goaen wienen:
- 1. Westergoa
- 2. Sudergoa
- 3. Eastergoa
- 4. Boarnegoa (falt foar it grutste part gear mei de Sânwâlden)
- 5. Westerkertier (ûnderferdield yn Fredewâld, Langewâld, Middag en Humsterlân)
- 6. Hunzegoa
- 7. Fivelgoa
- 8. Oldambt
- 9. Reiderlân
- 10. Iemsgoa (ek wol Emsigerlân neamd)
- 11. Federgoa (ek wol Krummhoarne neamd)
- 12. Norderlân
- 13. Brookmerlân
- 14. Harlingerlân (falt gruttendiels gear mei it distrikt Wittmund)
- 15. Wangerlân
- 16. Östringen
- 17. Rjustringen
- 18. Lengenerlân
- 19. Moormerlân
- 20. Oerledingerlân
- 21. Lân Woersten
It grinsgebiet tusken Fryslân en Grinslân wurdt op de kaart ûnderferdield yn meardere lytse gebieten. Humsterlân, Langewâld en Fredewâld, yn Grinslân, waarden mei syn trijen oanjûn as it Westerkertier. Humsterlân hat mooglik in selsstannich goa west, dêr't Achtkarspelen nei alle gedachten ek by heard hat. Fan Smellingerlân is bekend dat it yn de Midsiuwen optrede as in ienheid. Lykas Kollumerlân, hoewol it letter ek ta Eastergoa heard hat.
It Sealterlân hat nea in Frysk goa west. It waard troch de Friezen kolonisearre, lykas Noard-Fryslân. Ek dêrr hawwe nea Fryske goaen west. De Friezen dy’t dêr wennen binne nei alle gedachten fan de Fryske gebieten út it westen wei lutsen.