Springe nei ynhâld

Moormerland

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Moormerlân)
Moormerland
Tsjerke fan Gandersum
Tsjerke fan Gandersum
Emblemen
Sifers
Ynwennertal23.365 (31 desimber 2024)[1]
Oerflak122.14 km²
Befolkingsticht.195 km²
Hichte1 m. boppe seenivo
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Lânkring Lier
Gemeenteyndieling11 doarpen
Oar
AdresTheodor-Heuss-Straße 12 26802 Moormerland
Koördinaten53° 19' N, 7° 25' E
KfzLER
Gemeindeschlüssel03 4 57 014
Postkoade26802
Netnûmer04954, 04945, 04924
Ferkearsieren31
Stifting1972
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Feankanaal yn Jheringsfehn
Feankanaal yn Jheringsfehn
Tsjerke fan Tergast
Tsjerke fan Tergast
Offisjele webside
www.moormerland.de
Kaart
Moormerland (East-Fryslân)
Moormerland
Kaart
Tsjerke fan Gandersum
Lokaasje Moormerland yn de lânkring Lier

Moormerland is in ienheidsgemeente yn de lânkring Lier yn East-Fryslân dy't yn t ramt fan in gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen 1973 út tsien fan oarsprong selsstannige doarpen foarme waard. Hy is mei 23.365 ynwenners foar Eastfyske en ek Nedersaksyske begripen in reedlik ticht befolke gemeente, dêr't er it tichts befolke yn it súdeasten, grinzgjend oan de stêd Lier, is. Hy is nei de stêd (Kreisstadt) Lier de twadgrutte gemeente yn de lânkring en nei Emden, Auwerk, Lier en Norden, noch foar Wittmund, Weener en Wiesmoor de fyfde grutte gemeente yn Eastfryslân. It haadplak fan de gemeente is Warsingsfehn.

De namme Moormerland komt fan de âlde Fryske goa Moarmerlân dy't yn de snuorje fan de Fryske Frijheid it gebiet fan de gemeente, mar ek dy fan de stêd Lier, de gearwurkingsgemeente Hesel en de gemeenten Nortmoor en Filsum omfieme. It Moarmerlân wie it heitelân fan de skaai fan de haadlingsfamylje Ukena dy't yn de iere fyftjinde iuw in ynfloedrike rol yn de skiednis fan East-Fryslân spile hawwe. It goa is njonken Oerledingerlân, Reiderlân en Lengenerlân ien fan de fjouwer histoaryske lânskippen fan de lânkring Lier. It doarp Oldersum wie in wichtich hannelsplak oan de Iems en waard bekend om it Oldersumer Kollokwium, dat de oanset joech ta de reformaasje yn East-Fryslân

Moormerland leit noardlik fan de stêd Lier en wurdt yn it westen begrinzge troch de Iems. Oan dy rivier lizze âlde terpdoarpen lykas Rorichum, Oldersum en Gandersum. Op 'e hichte fan it lêste doarp is der sûnt 2002 in keardaam yn de Iems (Emsperrwerk). Fierders bestiet it grutste part fan de gemeente út feangrûn dêr't in soad doarpsnammen fan ôflaat binne. De A31 rint troch de gemeente hinne.

De ekonomy fan de gemeente bestiet benammen út de lânbou, toerisme en de middenstân, dy't bestiet út produksje, ambachten en hannelsûndernimmings. De gemeente is yn haadsaak in forinzegemeente fan de oanbuorjende stêden Lier en Emden.

Yn Moormerland wurdt it Eastfrysk Plat, njonken it Heechdútsk, sprutsen. Troch it flechtsjen fan Nederlânske protestanten yn de tiid fan de Reformaasje waard it Nederlânsk ek in soad brûkt. Yn de herfoarme tsjerken fan de gemeente waard it Nederlânsk sels as fiertaal brûkt. Yn de njoggentjinde iuw oriïntearre East-Fryslân him folle mear op Dútslân en kamen der mear Dútsktalige dûmnys yn de tsjerken. Yn 1936 waard it Nederlânsk ûnder it nazy-bewâld sels ferbean. Hjoed-de-dei spilet it Nederlânsk amper in rol mear, mei útsûndering fan de ynfloed dy't it hân hie op it pleatslike dialekt.

It Platdútsk, dêr't it Eastfrysk Plat ûnder falt, is hjoed-de-dei yn de gemeente ferankere. Tsjerketsjinsten en brulloften wurde wol yn it Platdútsk holden.

Histoarysk begraafplak by Jheringsfehn

De gemeente Moormerland bestiet út alve doarpsgebieten (Ortschaften):

doarpsgebietynwennersbyhearrende doarpen
Warsingsfehn7593Warsingsfehnpolder, Rorichmoor
Neermoor4641Neermoor-Kolonie
Veenhusen3898Veenhusen-Kolonie
Jheringsfehn2448– gjint –
Oldersum1516– gjint –
Boekzetelerfehn760Boekzeteler Hoek
Hatshausen576Ayenwolde, Büschersfehn, Königshoek
Tergast489– gjint –
Rorichum424– gjint –
Terborg109Sautelersiel
Gandersum89– gjint –
Gesamt22.543

Gearstalling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried bestiet út 34 keazen leden, plus in sit foar de keazen boargemaster. De ried bestiet sûnt de ferkiezings op 12 septimber 2021:

Partij 2021 2016
SPD1516
CDU1012
Freie Wählergemeinschaft Moormerland (WML)41
Bündnis 90/Die Grünen43
FDP11

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Moormerland fan Wikimedia Commons.
Moormerland
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen
· · Berjocht bewurkje
Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Auwerk (haadstêd) - Baltrum - Berumbur - Blomberg - Boarkum - Brinkum - Bunde - Detern - Dornum - Dunum - Emden - Esens - Eversmeer - Filsum - Firrel - Friedeburg - Großefehn - Großheide - Hage - Hagermarsch - Halbemond - Hesel - Hinte - Holtgast - Holtland - Ihlow - Jemgum - Júst - Krummhörn - Langereach - Leezdorf - Lier - Lütetsburg - Mariënhafe - Moormerland - Moorweg - Nenndorf - Neuharlingersiel - Neukamperfehn - Neuschoo - Norden - Norderney - Nortmoor - Ochtersum - Osteel - Ostrhauderfehn - Rechtsupweg - Rhauderfehn - Schwerinsdorf - Schweindorf - Spikereach - Stedesdorf - Südbrookmerland - Upgant-Schott - Uplengen - Utarp - Weener - Werdum - Westerholt - Westoverledingen - Wiesmoor - Wirdum - Wittmund
· · Berjocht bewurkje