Springe nei ynhâld

Oldersumer Kollokwium

Ut Wikipedy

It Oldersumer Kollokwium wie in kollokwium yn juny 1526 yn Oldersum yn East-Fryslân, op inysjatyf fan haadling Ulrik fan Dornum tusken de Emder predikant Georg Aportanus (protestantsk-luthersk) en de katolike Dominikaneprior Laurens Laurensen. It dokumint oer it kollokwium dat dêrnei troch Ulrich skreaun waard, waard wiidweidich brûkt en droech op dy manier by oan in flugge oergong nei it protestantisme yn East-Fryslân.

koart nei't Marten Luther op 31 oktober 1517 syn 95 stellings yn Wittenberg iepenbier makke hie, waard yn East-Fryslân de evangelyske lear oannommen. Al yn 1519 soe de Oldersumer pastoar Hinrich Arnoldi de evangelyske belidenis fereare hawwe, sa as Heinrich Brun yn Auwerk. Ulrik fan Dornum wie in fûleindich befoardere fan e Reformaasje. Ulrik, dy't yn 1494 troch boaskjen yn it besit fan de helte fan de Boarch en hearlikheid Oldersum kaam, joech it inysjatyf en organisearre yn juny 1526 it iepenbier striidpetear tusken de predikant Georg Aportanus fan Emden en de katolike Dominikaneprior Laurens Laurensen fan Grins. Ulrik hat oer it skeel in dokumint gearstald dy't yn Wittenberg printe waard.

Fanwegen de grutte ynfloed fan de kalvinisten, benammen troch Jehannes Kalvyn en Huldrych Zwingli, waard it westlike part fan East-Fryslân yn 'e haadsaak evangelysk-herfoarme.

Oldersum wie njonken Emden it mulpunt fan de Eastfryske tsjerkeherfoarming. Boarchhear Ulrik hie yn 1529 Andreas Bodenstein (alias Karlsadt), en letter nei alle gedachten Minne Simens en oare minnisten útfanhûs dêre.

Martin Thielke (Hrsg.): Die Oldersumer Disputation von 1526. Zweisprachige Edition der Darstellungen Ulrichs von Dornum (Übersetzung Gerhard Ohling) und Laurens Laurensens (Übersetzung Enno Schmidt), Auwerk: Ostfriesische Landschaft 2009

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]