Auwerk (stêd)
Auwerk | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Leechsaksen | |
Distrikt | Auwerk (East-Fryslân) | |
Boargemaster | Heinz-Werner Windhorst (sûnder partij) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 42.268 (2020)[1] | |
Oerflak | 197,21 km² | |
Befolkingsticht. | 214 km² | |
Hichte | 4 m. boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 26603–26607 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Offisjele webside | ||
www.aurich.de |
Auwerk (Dútsk en offisjeel: Aurich, Nedersaksysk en East-Frysk: Auerk) is in stêd yn East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De stêd leit yn it noardwesten fan Nedersaksen. Auwerk is it haadplak fan it distrikt Auwerk. It plak hat likernôch 42.000 ynwenners en is dêrmei it twadgrutste plak fan Eastfryslân.
Yn it distrikt is it sûnt 2004 tastien om twatalige plaknambuorden te brûken, yn it Dútsk en it Eastfrysk Plat.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de namme fan Auwerk is yn it ferline in protte skreaun. Alde fermeldings oer de namme binne: Affrica (1289), buta Awerkera geste Londe (1300), Auwerk (1402), Awerke (1413), Auwerick (1415), Aurik (1419), Auwreke (1424) en Auwerck (1426).
De namme is yn twa stikken te knippen. It earste part kin oersetten wurde nei ‘awe’, fan it Germaanske wurd awjo dat wetterlân betsjutte soe. It twadde part, reke, moat dan ‘krite’ betsjutte. De namme betsjut dus ‘wetterryk gebiet’, of better: wetterlân.
Dat falt te ferklearjen as wy nei de omkriten fan Auwerk sjogge sa't dat der yn de skiednis by lei. Yn de midsiuwen bestienen de omkriten fan Auwerk út grutte moerassen. De namme Aurich is in foarm dy’t ûntstien is troch ynfloeden fan it Heechdútsk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan Auwerk komt it earst foar yn in Fryske rjochterlike beskriuwing út de 13e iuw. Yn de saneamde Brookmerbrief út 1276 wurdt sprutsen oer it plak Aurechove.
It plak lei om de Lambertustsjerke dy’t troch de greve Moritz fan Aldenboarch stifte waard. De tsjerke is wijd oan de hillige Lambertus, de biskop fan Maastricht dy’t yn 703 fermoarde waard. De tsjerketoer is hjoed de dei in wichtich plak yn de stêd.
Om 1350 hinne kamen famyljes fan de Haadlingen oan de macht yn East-Fryslân. Dy haadlingen wienen persoanen of ynfloedrike famyljes fan boeren dy't in soad lân en macht hienen. Yn it tiidrek fan de Fryske Frijheid krigen dizze famyljes in protte macht.
Yn it begjin fan de 16e iuw waard East-Fryslân belegere. Dêrnei begûn greve Edzard I yn 1517 mei de weropbou fan Auwerk. De strjitten fan it hjoeddeiske sintrum Auwerk binne foar in grut diel noch itselde as yn dy tiid.
Yn 1539 waarden alle oerheidsfunksjes konsintrearre yn Auwerk. De stêd waard dêrmei de haadstêd fan it greefskip, en letter foarstendom, East-Fryslân. Fan 1744 ôf, mei de ein fan it foarstlike Hús út Auwerk, waard East-Fryslân part fan it keninkryk Prusen. Auwerk bleau wol haadstêd, mar dan fan de provinsje East-Fryslân.
Yn de Napoleontyske tiid wie Auwerk it haadplak fan it arrondissemint East-Fryslân. Dat gebiet makke tusken 1807 en 1810 part út fan it Keninkryk Hollân en tusken 1810 en 1813 fan Frankryk. Doe’t nei dy tiid it Keninkryk Hannover (fan 1815 oant 1866) ûntstie wie Auwerk wer haadstêd fan de provinsje East-Fryslân. Letter waard it leger ek stasjonearre yn Auwerk. Yn 1966 kaam it Keninkryk Hannover, en dus Auwerk en omkriten ek, yn hannen fan de Prusen.
Oant 1945 bleau Auwerk haadplak fan East-Fryslân yn Prusen. Dizze dielsteat waard troch de alliearden opheft. It plak waard de haadstêd fan de nije bestjoerskrite Auwerk yn de dielsteat Nedersaksen. Dy bestjoerskrite bestie oant 1978, wêrnei't dizze bestjoerslaach opheft waard en de krite Weser-Ems oprjochte waard. Ek dy regio is alwer opheft en net mear ferfongen troch in nije bestjoersregio.
Nei de Twadde Wrâldkriich groeide it plakje yn 1945 út fan rûm 7.000 ynwenners begjin dat jier nei likernôch 10.350 oan de ein fan 1945. Dat kaam benammen troch de grutte stream oan flechtlingen.
Auwerk hat gearwurkingsferbannen mei Appingedam, sûnt 1989, en Kepno (Poalen), sûnt 2002.
Yndieling fan de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente wêr't Auwerk it haadplak fan is bestiet, sûnt de gemeentlike weryndieling, út 21 saneamde stedsdielen. Dy stedsdielen binne einliks gewoane doarpen. Al dy doarpen ha in eigen dielried wêryn de belangen fan it doarp behertige wurde.
De plakken binne:
- Brockzetel
- Dietrichsfeld
- Egels
- Extum
- Georgsfeld
- Haxtum
- Kirchdorf
- Langefeld
- Middels
- Pfalzdorf
- Plaggenburg
- Popens
- Rahe
- Sandhorst
- Schirum
- Spekendorf
- Tannenhausen
- Walle
- Wallinghausen
- Wiesens
- Haadplak Auwerk
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1900 hinne lei it ynwennertal ridlik stabyl om de 5.000 ynwenners hinne. Nei de Twadde Wrâldkriich kamen der in protte Dútske lânferhuzers nei Auwerk ta. Dy lânferhuzers wienen ferdreaun út de eardere Ryksdútske gebieten yn East-Europa, of se kamen op eigen inisjatyf nei Auwerk. Troch weryndielingen yn it jier 1972 binne ferskillende gemeenten bestjoerlik ynlive by de stêd Auwerk, wat in positive útwurking hân hat op it ynwennertal fan de stêd.
Wichtige plakken en gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Ostfriesische Landschaft, it kulturele parlemint fan Eastfryslân.
- De Stiftsmûne: Mei 28,7 meter de op ien nei heechste mûne yn Hollânske styl fan East-Fryslân.
- It Knodtsche Haus: In boargerhûs yn Nederlânske let barokke styl. Bout om 1735 hinne troch de Hofboumaster Heinrich Horst as wenhûs.
- De Upstalbeam, stiennen piramide út 1833, monumint fan alle Friezen mei-inoar.
- It Auricher Mausoleum: In neoromaans tsienhoekich gebou. Sûnt 1880 is dit it rêstplak foar de adellike famylje Sirksena.
- De Sous-toer: In 25 meter heech keunstwurk fan Albert Sous út 1990.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Auwerk leit de wurkleazens op sa’n 13%. Dat is boppe it gemiddelde fan Nedersaksen. Dit hat te krijen mei de swakke ynfrastruktuer fan Auwerk.
Om’t Auwerk tichtby de Waadsee leit is toerisme in belangrike boarne fan ynkomsten foar de stêd.
De grutste wurkjouwer yn de omkriten is de wynturbinefabrikant Enercon, de op twa nei grutste produsint op de wrâld. Dêrneist binne der in protte bedriuwen út sektoaren as de elektrotechnyk, masinebou, stielbou en de metaalsektor. It oandiel yn de ekonomy fan dizze bedriuwen is likernôch 35%.
De ferdieling fan de oandielen yn de ekonomy fan de oare sektoaren binne:
- Tsjinstferliening: 40%
- Hannel: 15%
- Lânbou: 10%
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aurich fan Wikimedia Commons. |
- Ferklearring oer de namme fan Auwerk op de webstee fan de Groep fan Auwerk
- Webstee oer de stêd Auwerk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |