Brookmerbrief

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Brookmerbrief

It Brookmerbrief is in 13e iuwsk rjochtboek fan de brocmanni, de ynwenners fan it Brookmerlân westlik fan Auwerk.

It is in wiidweidige Fryske rjochtsboarne fan it rjochtsysteem, dat basearre is op 'e wil fan it folk. Yn 't Brookmerbrief is beskreaun, hoe't de politike en rjochtlike macht by in amtner lei, dy't alle jierren keazen waard, de saneamde "redjeven" (konsul, riedjouwer).

Healwei de 14e iuw is de tiid fan de frije lângemeenten oer; de autonomy koe net mear en waard wei. De bestjoerlike ienheid bleau, en troch it ferbod fan it brief om stiennen huzen te bouwen, wie der net in kâns om lokale hearskippijen te foarmjen. Sa bleau it feodalisme yn East-Fryslân ûnbekend.

Troch de Sirksena's waard letter it Emsiger Rjocht baas, dat foar Edzard de Grutte de grûnslach wie foar it Eastfryske Lânrjocht.

It Brookmerbrief is de ienigste Aldfryske rjochtstekst, dat in folslein wetboek is, en net in samling lykas de oare Aldfryske rjochtsteksten. Der binne hjoed de dei noch twa boeken, ien yn it Nedersaksyske Steatsargyf yn Aldenboarch, en de oare yn 'e Nedersaksyske dielsteatbibleteek yn Hannover.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Buma, W. J.: Die Brokmer Rechtshandschriften (Oudfriese Taal- en Rechtsbronnen 5), De Haach 1949.
  • Wilhelm Ebel, Jan Wybren Buma: Das Brokmer Recht 1965, ISBN 3-525-18151-5

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]