Sirksena

Sirksena, meastentiids skreaun as Cirksena is in famyljenamme fan Eastfryske greven dy't sûnt 1684 ryksfoarsten hieten. It laach kaam oarspronklik út Greetsyl en leden dêrfan hawwe in grutte rol spile yn de Fryske skiednis en benammen dy fan East-Fryslân. De Sirksena's brochten it ta greve, letter ryksfoarst yn it Hillige Roomske Ryk. Harren stribjen om alle Fryslannen ûnder ien bewâld te bringen wie úteinlik te heech grepen. De Sirksena's makken in ein oan de macht fan Fokko Ukena en hienen ûnder Edzard de Grutte (1466 - 1528) de measte macht. Yn de tiid fan de Reformaasje waard East-Fryslân in flechthaven foar in soad ynwenners fan de Nederlannen. Yn 1744 stoar it geslacht út.
De Sirksena's yn Eastfryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sirksena's wienen ynearsten ien fan de protte haadlingslagen yn East-Fryslân. Likegoed as yn de Grinslanner Ommelannen en Westerlauwersk Fryslân hie East-Fryslân yn de Midsiuwen gjin lânshear mei genôch gesach. It ûntbrekken fan in effektyf bewâld yn dizze omkriten stiet ek bekend as de Fryske Frijheid. Sûnder inkelde foarm fan sintraal gesach koe bestjoer allinnich mar op beheind lokaal nivo plakfine. Dêrby hienen yn earste ynstânsje alle frije boeren part yn it bestjoer, mar yn de rin fan de tiid koene de rikere lagen in hieltyd grutter oandiel ferkrije. Geslachten dy't yn in hiel doarp it foar it sizzen hiene, waarden letter oantsjutte as haadling. Oars as de tradisjonele feodale hear krige de haadling syn posysje dus net troch in beneaming fan hegerop, mar oan syn eigen lokale machtsbasis.
Foar guon haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch houlik en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht Tom Brok. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dy famylje stikken op it ferset fan Fokko Ukena, in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe krije koe yn de Ommelannen. Ukena op syn bar rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder lieding fan Ulrik I. Sirksena waard dêrnei troch de stêd Hamburch it bestjoer fan de stêd Emden jûn, in stêd dy't oant dan, 1439 feitlik in Hamburchsk protektoraat wie. De famylje Sirksena soe Emden oant 1595 behearskje.
It oarspronklike geslacht Sirksena, ôfkomstich út Berum wie doe yn de manlike line al útstoarn. Edzard wie troud mei in dochter út dat laach, ek de twadde frou fan syn heit wie in dochter út it oarspronklike laach. Sawol Edzard as syn healbroer Ulrik namen de namme Sirksena oan. Nei it bernleas ferstjerren fan Edzard erve Ulrik alle famyljebesittings, dy't hy troch twa geunstige houliken noch fierder útwreidzje koe. Ulrik waard yn 1464 troch keizer Freark III yn de grevestân ferheft en sa waard it ryksgreefskip Eastfryslân foarme.
It wichtichste lid út it hûs Sirksena is Edzard de Grutte (1462–1528). Under syn bewâld krige it greefskip syn grutste omfieming. Edzard koe sels tydlik de Ommelannen en de stêd Grins behearskje; hy stribbe nei hearskippij oer alle Fryslannen, mar rûn lang om let stikken op de posysje fan ynearsten de hartoch fan Saksen en letter keizer Karel V sels, dy't as hear fan alle Nederlannen gjin partij foar Edzard wie.
Yn 1654 waard regearjend Sirksena Enno Loadewyk troch de keizer yn de foarstestân ferheft. De lêste manlike neisiet fan Ulrich I, Karel Edzard stoar yn de nacht fan 25 op 26 maaie 1744. It greefskip wurdt dêrnei yn besit naam troch Freark de Grutte.
De Sirksena's yn Rietberg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan 1581 oant 1699 wie in lid fan it skaai Sirksena ek hearsker oer it greefskip Rietberg. Greve Enno III boaske de erfdochter Walburga fan Rietberg en regearre dêr yn in personele uny mei Eastfryslân. Yn 1600, by it Ferdrach fan Berum, stie er it greefskip ôf oan syn dochter Sabine Katarina. Dy boaske har omke Jehan III, broer fan Enno III nei pauslike dispensaasje. Jehan en Sabine wiene alletwa bekeard ta it Roomsk-katolisisme, wylst de Eastfryske greven allegear protestantsk wiene. De lêste manlike neikomling fan it Hûs Sirksena yn Rietberg, greve Ferdinand Maksimiliaan, stoar yn 1687. Syn erfdochter Marije Ernestine Fransiska boaske yn 1699 Maksimiliaan Ulrik fan Kaunitz.
Boargen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de famylje fêstige yn Appingen. Nei't de tagong nei de iepen see tichtslike waard, ferpleatste Haro Edzardisna it famyljesit nei de justjes earder oanleine syl, dêr't sy tusken 1362 en 1388 de Stins fan Greetsiel as haadlingstins bouwe liet. Yn it ramt fan it opkommen fan de Sirksena's ta de liedende stamfamylje liet Ulrik Sirksena it kastiel tusken 1457 en 1460 útbouwe ta in fjouwerfleugelich kompleks mei in ferdigeningstoer. Mei help fan de Hânze feroveren de Sirksena's yn 1433 de stêd en boarch fan Emden, dêr't in Hânze-garnizoen stasjonearre waard. Yn 1439 luts dat garnizoen him wer werom en droech de Hânze de boarch oer oan de Sirksena's. Yn 1458 liet Ulrik Sirksena ek dat kastiel tige by tige útwreidzje. De boarch fan Emden wie fan 1464 oant 1595 de residinsje fan de Eastfryske greve- en foarstefamylje. Yn 1447 lieten se boppedat yn it Auwerker slotgebiet de Averborg bouwe. By de Emder Revolúsje bestoarmen boargers fan de stêd op 19 april 1959 de Boarch fan Emden en brutsen se it foar in part ôf. Greve Edzard II wie doe twongen syn residinsje nei Auwerk ta te ferpleatsen. Yn 'e 15e iuw hiene de Sirksena's de Boarch fan Berum urven, dat Edzard II ta in wetterkastiel yn renêssânsestyl útbouwe liet, dy't tenei tsjinje soe as widdosit fan de famylje.
- De Averborg yn it Auwerker slotgebiet
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan de famylje Sirksena bestiet út in kroande gouden harpij, op in swart fjild. Dat motyf is werom te finen yn ferskate besibbe wapenskylden. Yn 1625 liet grve Rudolf Kristiaan it wapen fan it greefskip fêstlizze. Dêr siert de famme-earn it meast foaroansteande, heraldysk sjoen rjochter boppeste wapenskyldfjild. It wapen is hjoed-de-dei yn gebrûk as it wapen fan Eastfryslân.
De boppeste helte fan it wapen fan Emden hat ek de Sirksena-harpij. De Sirksena's residearren oant de Emder Revolúsje yn 1595 yn de stêd Emden. Ek Delfsyl hat it Sirksenawapen yn syn stedswapen opnommen. Dat giet werom oant de hearskippij fan Edzard de Grutte oer Grins en de Ommelannen. Yn it wapen fan de lânkring Auwerk, de residinsje fan de Eastfryske greven, nei't se yn 1595 út Emden wei ferfearen, is de Sirksena-harpij werom te finen, lykas yn it wapen fan de gemeente Krummhörn, dêr't de Sirksena's oarspronklik wei kamen.
Troch de bining mei it greefskip Rietberg is it embleem fan de Sirksena's ek werom te finen yn it wapen fan Rietberg.
Troch de ferbining fan Eastfryslân en Rietberg is de Sirksena-harpij ek, lykwols yn omkearde kleuren, swart op goud ynstee fan goud op swart, yn it wapen fan it foarstedom Lychtenstein te finen: Gundacker fan Lychtenstein boaske de twadde dochter fan greve Enno III en Walburga fan Rietberg, Agnes Sirksena, en makke fia dy bining oanspraak op it greefskip Rietberg.
- Wapen Sirksena
- Wapen fan Eastfryslân
- Wapen fan Emden
- Wapen fan Delfsyl
- Wapen fan de lânkring Auwerk
- Wapen fan Lychtenstein
- Wapen fan Kaunitz-Rietberg
- Wapen fan Krummhörn
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme Sirksena/Cirksena is fan Fryske oarsprong en komt hjoed-de-dei noch hieltyd in soad foar as efternamme yn East-Fryslân. De namme is nei alle gedachten ôflaat fan de âlde foarnamme Tzirk („Cirk“ - Sjirk/Tsjerk). Enno Attena naam dy foaroansteande namme oan yn it ramt fan syn houlik mei de erfdochter Gela fan Manslagt.
Genealogy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoch Genealogy Sirksena
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|