Greve

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Greve is in aadlike titel. Yn de Frankyske tiid wie in greve in amtstitel foar de man mei it heechste amtlik, juridysk en militêr gesach dy't keazen waard troch Karel de Grutte. De greve wie de offisjele fertsjinwurdiger yn it him tasein gebiet (goa). Meastentiids waarden de greven beneamd út leden fan wichtige famyljes en namen sy mei de biskoppen en abten diel oan de grutte ryksgearkomsten.

Der waarden fjouwer funksjes fan greven ûnderskieden:

Greefskippen yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karel de Grutte hie der foar soarge dat yn Nederlân, dat ek part útmakke fan it Frankyske ryk, it bestjoer fan it lân op regel wie. Likernôch wie der op it ein fan de 9e iuw, doe't de Wytsingen foarlutsen, sprake fan in ferwyldere tastân. Nederlân makke noch wol part út fan it East-Frânsje, it Dútske ryk, mar der wie gjin sintrale macht dy't de pleatslike greven yn de stringen hâlde koe.

De greven erkenden de keizer noch wol as harren hear, mar hâlden harren as ûnôfhinklike potestaten. De titel fan greve waard erflik. Ek besochten sy harren gebieten út te wreidzjen yn it neidiel fan oare greven. De lytsere greefskippen waarden faak mei geweld oan de gruttere en machtigere ûndergeskikt makke. Oant en mei de lette Midsiuwen hienen de greven in grutte macht yn harren gebiet, faak kombinaasjes fan mear goaen dy't troch fererving in grutter greefskip foarme hienen. De keizer wie net by steat om hjir in ein oan te meitsjen. Hy koe syn gesach net hanthavenje.

Op it ein fan de Midsiuwen waard de macht lykwols troch de lienhearen werom naam. Yn dy keninkriken mei in sterk sintraal bewâld waard de greve ta net folle mear as in aadlike titel.