Springe nei ynhâld

Waadsee

Ut Wikipedy
De Waadsee
It westlike part fan de Waadsee
Waadsee efter de seedyk
Fearboat 'Rottum' op de Waadsee
Waadrinnen is mooglik by eb, ûnder oare nei Skiermûntseach.
Tusken Skylge en Harns
Seehûnen op in sânbank.

De Waadsee (Dútsk: Wattenmeer, Deensk: Vadehavet) is de binnensee dy't yn Nederlân, Dútslân en Denemark tusken de Waadeilannen en de wâl leit. De see is likernôch 450 km lang, en 5 oant 30 km breed. By leech wetter falt it grutste part fan de Waadsee drûch, wêrtroch de see in tige wichtich foerazjeargebiet foar fûgels is. It Waad stiet sûnt 2009 op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. Dat wurdt elts jier fierd op 'e Dei fan it Waad.

De Waadsee hat bysûndere plantesoarten en bistesoarten, dy't oanpast binne oan in gebiet wat de helte fan tiid ûnder wetter stiet. Trekfûgels brûke it gebiet om iten te finen, en foar de seehûn, en in soad oare organismen, is it in plak dêr't de jongen berne wurde kinne. Yn alle trije lannen is de Waadsee in beskermd gebiet. In bedriging fan de Waadsee is de fierdere stiging fan de seespegel.

Untsteansskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa'n 3.000 jier foar Kristus ûntstienen hjir troch de wurking fan de wyn, strânwâlen. It gebiet efter de wallen bleau sûnt dy tiid drûch en der ûntwikkele him in rike fegetaasje en lang om let fûn der feanfoarming plak. Op dizze wize is it tsjintwurdige lânskip fan Hollân ûntstean.

De Waadsee hat nei de lêste iistiid drûch lân west, en de measte waadeilannen hawwe ek yn histoaryske tiden noch op fuotten berikber west. Stiging fan de seespegel hat dat lykwols lestiger makke, al binne alle eilannen al troch waadrinnen berikber. Yn de Midsiuwen bruts de strânwal troch in oantal grutte stoarmen yn stikken ûnder oaren troch de Grutte Stoarm. Dêrtroch koe de see hieltyd fierder it lân yn komme en sadwaande ûntstie de Waadsee. Ut de restanten fan de strânwâl ûntstienen de Waadeilannen. De bewenners koenen in part fan it lân mei diken beskermje, it oare part waard twa kear deis troch de see oerstreamd.

Stigen fan de seespegel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de lêste iistiid, dy’t sawat 10.000 jier foar Kristus einige, lei de seespegel ûngefear 60 meter ûnder it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de iiskapen riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part drûchfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ûngefear 5000 jier foar Kristus berikt. Troch eb- en floedwurking en oanfier fan rivieren waard in protte sân nei de kust transportearre.

Wetter en wyn heappe it sân op by stiennen en efter begroeiing. Sa'n 3.000 jier foar Kristus ûntstienen hjir strânwâlen, in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him útstrekte fan it tsjintwurdige Belgje oant de mûning fan de Elbe, tichtby wêr’t no Hamburch leit, mei allinnich iepenings foar de rivieren. Fan dêr moat in twadde dunerige nei it noarden rûn wêze. It gebiet efter de wallen bleau sûnt dy tiid drûch en der ûntwikkele him in rike fegetaasje en lang om let fûn der feanfoarming plak.

Om it begjin fan de jiertelling hinne fermindere de stiging fan de seespegel. De see hie lykwols al bressen slein yn de dunerige en it dêrefter lizzende legere lân omfoarme ta de waadflakte, al hie dy oan de fêstewâl noch net de hjoeddeiske foarm. De hieltyd mar hinne-ende-wer geande tijstreamen slieten hjir slinken yn út en sa ûntstienen de Waadeilannen.

Bewenningsskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al fier foar it begjin fan ús jiertelling wie der minsklike bewenning yn it waadgebiet. Oant de achtste iuw nei Kristus wenje de minsken benammen op terpen. De libbensomstannichheden wiene min, alteast yn 'e eagen fan oaren, sa’t út in sitaat fan de Romein Plinius de Aldere bliken docht:

.....wat is de natuer en karakteristiken fan it libben fan minsken dy’t libje sûnder beammen of struken. Wy ha yndie sein dat yn it easten, oan de kusten fan de oseaan, in tal rassen yn sokke earmoedige kondysjes ferkeare; mar dit jildt ek foar de rassen fan folken dy’t de Grutte en Lytse Ghaucen neamd wurde, dy’t wy sjoen hawwe yn it noarden. Daar stoart, twa kear yn elke perioade fan in dei en in nacht, de oseaan him mei in fluch tij oer in ûnmjitlike flakte, dêrby de iuwenâlde striid fan de Natuer ferhoaljend of it gebiet ta it lân of ta de see heart. Dêr bewennet dit miserabele ras ophege stukken grûn of platfoarms, dy’t se mei de hân oanlein ha boppe it nivo fan it heechst bekende tij. Libjend yn hutten boud op de keazen plakken, lykje hja op seelju yn skippen as it wetter it lân dêromhinne bedekt, mar op skipbreklingen as it tij him weromlutsen hat, en om harren hutten fange se de fisk dy’t besiket fuort te kommen mei it ôfgeande tij. It is foar harren net mooglik om kuddes te hâlden en te libjen op molke lykas stammen dêromhinne, hja kinne net iens mei wylde bisten fjochtsje, omdat it bosklân fier fuort leit. Hja flechtsje touwen fan sigge en bizen fan de moerassen om dêrmei netten sette te kinnen om fisk te fangen, en hja grave modder op mei harren hannen en drûgje it mear yn de wyn as yn de sinne, en mei ierde al branje ferwaarmje se harren fiedsel en harren eigen lichems, beferzen yn de noardewyn. Harren ienige drank komt fan it opslaan fan reinwetter yn tanks yn it foarhôf fan harren huzen. En dit binne de rassen dy’t at se no oerwûn wurde troch de Romeinske naasje, sizze dat se ferfalle ta slavernij! It is mar al te wier: Het lot sparret de minske by wize fan straf.

Om it jier 1000 waard begûn mei de oanlis fan diken. In belangrike rol waard dêrby spile troch de kleasterlingen, ûnder oare dy fan it Kleaster fan Auwert. Mar ek dêrfoar waard al besocht om de see te betwingen. By Peins is in 40 meter lang stik dyk fûn dat nei alle gedachten stammet út de earste of twadde iuw foar Kristus.

Yn de lette Midsiuwen krige de bediking hieltyd mear foarm en naam de oerlêst fan it wetter ôf. Fan de santjinde iuw ôf, waarden de diken troch lânoanwinning hieltyd mear opskood. It hichtepunt dêrfan wie yn de njoggentjinde en tweintichste iuw.

Behâld fan de Westfryske/Hollânske kust

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek de dunerige besuden de Waadsee wie bleatsteld oan de wurking fan it tij, mar de oare omstannichheden en it yngripen fan de minske kamen foar dat de protte stoarmfloeden de kust fan Hollân definityf feroaren yn losse eilannen mei in waadflakte dêrefter. In soad stoarmfloeden om 1200 hinne hiene wol ta gefolgen dat de noardlike kust fan West-Fryslân útinoar bruts yn fiif eilannen. Om 1600 hinne wienen de fjouwer oan de westkust al wer weromwûn, mar Wieringen, súdeastlik fan Tessel, bleau oant yn de 20e iuw in eilân. Troch sommigen wurdt Wieringen dêrom by de Waadeilannen rekkene, al hat it eins in oare ûntsteansskiednis: it is in driuwwâl út de Riss-iistiid.

Westlike Waadsee

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân binne party plannen makke om de Waadsee yn te dykjen en drûch te meitsjen. Sadwaande soenen de eilannen wer part fan de fêste wâl wurde. De measte fan dy plannen wienen yn harren tiid net te dwaan. Fan 1872 oant 1882 wie Fierders wie It Amelân troch de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn, mar dy daam is wer opjûn. Dêrnei waard yn 1932 troch de Ofslútdyk de súdein fan de Waadsee ôfsletten, en tagelyk is Wieringen dêrmei lânfêst wurden. Nei de wettersneed yn Seelân yn 1953 waard in nij plan opsteld om hast gâns it waadgebiet yn te damjen. Yn de earste faze is tusken 1961 en 1969 de Lauwerssee ôfsletten. De oare fazes fan it plan binne nea útfierd. Natoer- en miljeubewegings hawwe de lettere plannen troch aksjefieren opkeard.

Noardlike Waadsee

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de noardlike Waadsee blykt it bouwen fan damen in stik ienfâldiger. Fral guon fan de halligen lizze ticht by de fêstewâl. Noardstrân is no sasear mei diken oan de wâl ferbûn dat der eins gjin sprake mear is fan in eilân, en ek Nees, Olân, Nordstrandischmoor, Hamburger Hallig, Sylt en Romeach binne allegear oer in daam te berikken. Mandeach is sels sûnder dam berikber, oer in tijdyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]