Söl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sylt)
Lokaasje fan it eilân Söl

Söl (Deensk: Sild, Dútsk: Sylt) is it grutste Noard-Fryske waadeilân. It leit yn 'e bestjoerlike krite Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, de haadstêd is Westerlân. It leit fan noard nei súd foar de kust fan Sleeswyk-Holstein. It is yn Dútslân foaral bekend fanwege de toeristysk wichtige kueroarden fan Westerlân, Kampen en Wenningstedt en ek om it hast 40 km lange Weststrân.

Feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan Söl yn trije talen
Söl
  • oerflak: 99 km2
  • langte: 35 kilometer
  • breedte: maksimaal 13 kilometer
  • heechste punt: 52 meter boppe de seespegel by Geest
  • ynwennertal: 20.858 ynwenners (2010)

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân is oer de Hindenburgdaam mei de fêste wâl ferbûn dat is feitlik gjin eilân mear. Oer de daam leit allinnich in spoar, mar auto's kinne op de trein meeride (Sylt Shuttle).

Fan lofthaven Sylt binne flechten fan en nei it fêstelân, Italië, Eastenryk, it Feriene Keninkryk en Switserlân.

Teffens kin mei de Sylt-express fan it Deenske eilân Romo yn likernôch 40 minuten nei Söl reizge wurde.

Ferneamde eilânbewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise