Eastfryske Eilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eastfryske eilannen)
Satellytfoto fan de Eastfryske Eilannen
Eastfryske Eilannen

De Eastfryske Eilannen (Dútsk: Ostfriesische Inseln) is in rige eilannen yn de Waadsee yn it uterste noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen, lizzend tusken de útrin fan de Iems yn it westen en dy fan de Jade yn it easten. Foar in grut part hearre de eilannen by de histoaryske regio East-Fryslân. Fan de sân bewenne eilannen falt allinnich it eastlikste eilân, Wangereach, dêr krekt besjoen bûten. Borkum leit it meast westlik en is tagelyk it grutste eilân. Ut Nederlân wei is Boarkum te berikken út de Iemshaven wei.

De eilannen dy't bewenne binne, binne fan west nei east:

Dêrneist binne der noch enkele eilannen dy't net bewenne binne en hege sânplaten:

Krektas de TV-TAS foar de Westfryske eilannen bestiet der yn it Dútsk in ezelsbrêge om de eilannen (fan east nei west) yn de goede folchoarder opsizze te kinnen : Welcher Seemann Liegt Bei Nacht Im Bett?