Noarderheaks

Ut Wikipedy
Lofts op de foto de Noarderheaks
Feroarjende foarm yn de rin fan de tiid (1984 tot 2017)

De Noarderheaks (Nederlânsk: Noorderhaaks) is in sânplaat fuortendalik oan de westkant fan it Marsdjip tusken Teksel en de Kop fan Noard-Hollân, en is ûntstien troch tijwurking fan de Noardsee. In grut part fan de plaat komt hast nea ûnder wetter, allinnich by in stoarmfloed. De sânplaat hat in grutte fan likernôch 5 fjouwerkante kilometer en is in saneamd ‘eilân yn wurding’. De plaat giet mei in gong fan sa'n hondert meter it jier rjochting it Marsdjip en is grûngebiet fan de gemeente Teksel. De Noarderheaks is in part fan de Waadeilannen.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plaat wurd foaral brûkt troch in ferskaat oan fûgels en seehûnen. Dit komt trochdat it gebiet hast net oantaast is troch minsken. Fierder komme der yn de simmer in protte deitoeristen en wurdt in part fan De Noarderheaks ek noch wolris brûkt troch de marine en de loftmacht as oefenterrein.

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise