Simenssân

Simenssân wie ien fan de Fryske eilannen; it lei tusken Skiermuontseach en Rottumerplaat. Yn 2022 ferdwûn it eilântsje yn de golven. [1]
It eilân bestie út in langhalige sânplaat fan sawat oardel kilometer lang en in pear hûndert meter breed. Krektas de oare sânplaten yn it waadgebiet –lykas de Razende Bol (by Tessel) en De Kalkman (by It Amelân) – wie it eilân hast ûnbegroeid, útsein it Biestarwegras (Elymus farctus subsp. boreoatlantica) op de dúntsjes fan in lytse meter.
It eilân wie fan grutte betsjutting as rêstplak foar fûgels as steltrinners, mientsen en einen. Dêrneist wie Simenssân in wichtich rêstplak foar seehûnen en harren jongen. Krekt fanwege dizze funksje as rêstplak hat it Ministearje fan Lânbou yn 1999 besletten dat wettersporters tenei net mear drûchfalle meie yn it gebiet op en om dizze sânplaat, omdat de rêst fan de seehûnen troch it drûchfallen fan de syljachten slim fersteurd waard. Simenssân wie, mei troch de oanwêzichheid fan seehûnen, ek in populêre bestimming foar waadrinners.
Yn maart 2012 waard fêststeld dat Simenssân troch de omlizzende slinken yn twa parten dield wie; ek de oanwêzige dúntsjes ferdwûnen doe. [2]
Fan 1996 oant novimber 2022 wie der fiif kear it jier in fûgeltelling op de plaat. De earste fûgeltelling wie yn 1963.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Fryske eilannen |
|---|
|
Westfryske eilannen: |
