Rif (Skiermûntseach)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Rif (Waadeilân)")
Jump to navigation Jump to search

It Rif is in brede sânplaat yn de Waadsee dy't fêstwoeksen is oan de súdwestkante fan Skiermûntseach.

It Rif is frij heech, goed oardel meter boppe NAP, mei sûnt inkelde jierren wat dúnfoarming. De sânplaat ûntstie troch it ôfsluten fan de Lauwerssee yn 1969. Troch dizze ôfsluting streamde der minder wetter troch it soal tusken It Amelân en Skiermûntseach, dêr't it soal minder djip troch waard. It westerstrân fan Skier waard dêrby breder en der waakse in âlde sânplaat fêst oan it westerstrân; dizze sânplaat wurdt It Rif neamd.

Oan de ein fan de jierren 1990 wie de sânplaat noch in stowende flakte dêr’t gjin inkelde plant oerlibje koe. Yn 2004 rekken guon gebieten fan de plaat begroeid, benammen mei seekraal.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]