Flylân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flylân
Vlieland Sea.JPG
It strân op Flylân.
flagge wapen
Flagge fan Flylân.PNG Vlieland wapen.svg
Wapen fan Flylân
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0096 (2014).png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
boargemaster Tineke Schokker (CDA)
sifers en geografy
haadplak East-Flylân
grutste plak East-Flylân
ynwennertal 1.112 (2017)
befolkingstichtens 30,8 / km²
oerflak 315,80 km²
● wêrfan lân 36,13 km²
● wêrfan wetter 279,67 km²
tal doarpen 1
skiednis
oprjochte 1818
1818 – 1942 ûnderdiel fan Noard-Hollân
oar
netnûmer 0562
postkoade 8899
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.vlieland.nl

Flylân (Vlieland) is ien fan de fiif Westfryske eilannen, fan it westen út rekkene is Flylân it twadde bewenne waadeilân. It eilân foarmet polityk in gemeente, dy't 1.112 ynwenners (30 april 2017) hat. De gemeente beslacht in oerflak fan 315,8 km² (wêrfan 279,7 km² wetter), en hat in 55,9 km lange kustline. Mei in befolkingstichtens fan 31 ynwenners de kante kilometer is Flylân nei Skiermûntseach de tinstbefolke gemeente fan Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fjoertoer Flylân

Flylân hat lange tiid oan it fêstelân fan Fryslân fêst sitten. Mar nei de Wettersneed fan 1287 waard Flylân skaat fan it oare part fan Fryslân. Dit barren makke diel út fan it proses wêrby't de Waadsee ûntstie. It noardlike part fan Tessel, Aailân, wie ea in part fan Flylân. Troch it ûntstean fan it Aailânske Gat waard Aailân fan Flylân ôfskieden. Troch fierdere feroarings yn seestreamen is Flylân oan de westkant hieltyd fierder erodearre. Yn de wandasêge wurdt in ferklearing jûn foar dizze natuerramp.

Earder hat der neist East-Flylân ek noch in twadde doarp west; West-Flylân, ek wol Westeynde. Dit doarp is yn 1736 hielendal ûntromme, nei desenniums fan oerstreamings en it besykjen fan it wer op 'e nij opbouwen fan it stik lân.

Flylân waard yn 1818 in gemeente. Oant 1942 makke it eilân ûnderdiel út fan de provinsje Noard-Hollân, krekt as Skylge. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Flylân ûnderdiel fan de Dútske Atlantikwall. De Dútsers bouden dêr twa batterijen loftôfwargeskut. De Dútsers dielden it eilân yn by Fryslân. Nei de oarloch is dit nea weromdraaid. It Posthuys op it eilân herinneret noch oan de tiid dat Flylân noch by Noard-Hollân hearde. It Posthuys stiet op it westlik part fan Flylân, omdat de post mei de boat fan Tessel ôf kaam.

It eilân hat lange tiid hast allinnich sân west. Sûnt de tweintiger jierren fan de 20e iuw hat Steatsboskbehear west fan East-Flylân in stik bosk oanlein, dat it doarp minder lêst fan ferstowend sân krige.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dunen op Flylân.

Flylân is in lang, smel eilân dat bestiet út de Flyhors, in grutte sânflakte oan de súdwestkant, dunen en bosken yn it midden en nei it easten. Op it súdeastlike diel fan it eilân leit it ienigste plak, East-Flylân. Der hat ek in doarp West-Flylân west, mar dat hat men yn 1736 opjaan moatten oan de see.

It heechste punt fan Fryslân leit op Flylân, de Fjoerboetsdún is 45 meter heech en op dat plak is it hiele eilân goed oer te sjen.[1] Boppe op dat dún stiet de fjoertoer fan it eilân. De totale strânlingte fan it eilân is 20 kilometer.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De meast foarkommende ynkomstenboarne fan de Flylanners is it toerisme. Op it eilân binne sa'n fyftjin hotels en inkele hûnderten fakânsjehûskes en -aparteminten. Der binne twa kampearterreinen op it eilân; Stortemelk en Lange Paal. Op it eilân leit sa'n 26 kilometer oan fytspaad.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich wurdt der op Flylân hast allinnich noch mar Nederlânsk sprutsen. It Frysk noch it Flylânsk wurde der noch sprutsen.

It Flylânske dialekt dat op it eilân praat waard wie tige besibbe oan it Tekselsk. It dialekt hie in protte oerienkomsten mei de dialekten fan Noard-Hollân.

De lêste sprekster fan it Flylânsk, frou Petronella de Boer-Zeylemaker, stoar yn 1993 op 107-jierrige leeftyd.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flylân is foar toeristen net taganklik mei auto's of motors. Bewenners kinne by de gemeente in B-ûntheffing oanfreegje foar in motorfoertúch.

Rederij Doeksen ûnderhâldt in feartsjinst tusken Harns, Skylge en East-Flylân. Rederij De Vriendschap ûnderhâldt yn de simmerperioade in feartsjinst tusken De Cocksdorp op Tessel en de Flyhors oan de súdwestkante fan it eilân spesjaal foar fytsers en kuierders.

Fan de Flyhors ôf ferrint it ferfier mei in spesjale auto, de Flyhors Express. De ienichste busline op it eilân, line 110, wurdt útfierd troch de TCR Flylân. Dy busline giet fan Feardaam by East-Flylân nei it Posthuys en werom.

Ferneamde Flylanners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nicolaus Cruquius (1678-1754), mearsidich wittenskipper, berne yn West-Flylân
  • Willem de Vlamingh (1640-1698), ûntdekkingsreizger dy't û.o. fanwege de VOC de westkust fan Austraalje yn kaart brocht, berne yn East-Flylân
  • Betzy Akersloot-Berg (Aurskog 1850-1922 Flylân), seeskilderesse, learlinge en freondinne fan Hendrik Willem Mesdag, wenne fan 1896 oant har dea mei har man Gooswinus Akersloot op Flylân
  • Liesbeth List (Bandûng, 12 desimber 1941), sjongster en aktrise, waard troch heit en styfmem - nei in fakânsje - op Flylân efterlitten.
  • Jan Jacob Slauerhoff (1898 - 1936), dichter en romanskriuwer, hold alle jierren in pear moannen op it eilân ta om syn astma te ferlichtsjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. ahn.nl hichtekaart
 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • It Bilt • Dantumadiel • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • De Fryske Marren • Frjentsjerteradiel • Harns • It Hearrenfean • Kollumerlân • Littenseradiel • Ljouwert • Ljouwerteradiel • Menameradiel • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf) • De Waadhoeke (fan 2018 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise