Wandasêge

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Wandasêge is in sêge, dêr't de skieding fan de eilânnen Flylân en Tessel yn ferklearre wurdt. Yn de iere midsiuwen makke Flylân nei alle gedachten diel út fan de fêstewâl fan Fryslân en siet doe oan de súdkant fêst oan Aailân, dat tsjintwurdich in diel fan Tessel foarmet. Letter ûntstie der in soal tusken Aailân en Flylân en yn de 13e iuw nei swiere stoarmen skiede it wetter de eilannen fan inoar en fan de fêstewâl.

Ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferhaal is Wanda foarstinne fan in keninkryk dêr't Aailân en Flylân noch ien gehiel yn foarmje. Sy krige spul mei de muontsen dy't tsjin har sin yn in kanaal grave woenen. De striid rûn sa bot op dat har soan in muonts deade dy't tasicht hâlde by it kanaal. Dan docht bliken dat de muonts har ferlearne soan wie, dy't op trijejierrige leeftyd op in iisskos yn de Waadsee weidreaun. En dat mei syn dea in âld ferflokken troch in tsjoenster útkomd is.

De flok hâlde yn dat de see it keninkryk ferswolgje soe as ien fan de bruorren fan it keninkryk de oare deadzje soe. Fan ellinde stoarte de keninginne har yn see en ferdronk. Al gau krige de foarseine ramp syn beslach, grutte weagen sloegen de dunen wei bylâns it kanaal en de see streamde it efterlân yn. It keninkryk fan Wanda gong ferlern lykas yn de flok foarsein wie.