West-Dongeradiel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
East-Dongeradiel
Zon en schaduw in de Friese plaats Holwerd.jpg
Doarpsgesicht yn Holwert.
flagge wapen
Flagge fan Westdongeradiel.PNG Westdongeradeel wapen.svg
lokaasje
Fryslân-Gemeenten (1944-1984) - West-Dongeradiel read.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Ternaard
grutste plak Holwert
ynwennertal 6.234 (1981)
befolkingstichtens 94,5 / km²
oerflak 66,00 km²
tal doarpen 14
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Westdongeradeel wapen.svg Gritenij West-Dongeradiel
opheft 1984
opgien yn Flag of Dongeradeel.svg Dongeradiel
no part fan Flag of Dongeradeel.svg Dongeradiel
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

West-Dongeradiel, ek wol stavere as Westdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Westdongeradeel), wie in eardere gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 6.234 ynwenners (1 jannewaris 1981),[1] en mei in gebiet fan 66 km².[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronkelike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw split yn Dongeradiel oan de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel westlik fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa parten ôfsûnderlike gritenijen wurden: East- en West-Dongeradiel.

Westdongeradiel yn de Schotanusatlas

Mei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard West-Dongeradiel, mei East-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 sil Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân op syn beurt opgean yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak wie Ternaard, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Foudgum, Hantum, Hantumhuzen, Hantumerútbuorren, Holwert, De Lytse Jouwer, Moddergat, Nes, Raard, Waaksens en Wierum.

Fierders moat ek it buorskip Betterwurd neamd wurde.

Gebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grins fan West-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei oan de eastkant dêrfan East-Dongeradiel. Yn it suden waard de gemeente troch de gemeenten Dokkum en Dantumadiel beheind, wêrby't de grins mei Dantumadiel meast krekt wat noardliker as de Dokkumer Ie rûn. Yn it westen rûn de grins yn de omkriten fan de Holwerter Feart, mei oan de oare kant Ferwerderadiel.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 78.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 643.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)