Betterwurd
Betterwurd is in buorskip by Dokkum, dy't eartiids yn 'e himrik fan Boarnwert lei.
Klaarkamp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De buorskip is ûntstien om't it kleaster Klaarkamp dêr in úthôf fêstige. Dizze úthôf is de iennichste fan de trije úthoven oan de oare kant fan de Dokkumer Ie dy't slagge is. Der waard kâns sjoen om it allinnerjocht foar it ferkeapjen fan molke yn Dokkum te krijen. Dokkum hie sels gjin lân bûten de grêften, en wie dêrom op ynfier oanwiisd.
Polityk spile de úthôf mei yn West-Dongeradiel. Hy krige it stimrjocht as fan in doarp. Dat rjocht hawwe Betterwurd en Boarnwerterhuzen holden. Se hienen 13 stimmen.
De betsjutting fan de namme is net wis. Der wurdt tocht oan bettere terp of terp oan it wetter.
Ambachtslju sykje romte bûten Dokkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dokkum lei ynklamme tusken de grêften. In klokslach, grûn dy't bûten de grêften lei, hie Dokkum sa net. De ambachtslju waarden yn 'e stêden strang kontrolearre. Sadwaande sochten guon ambachtslju in útwei yn West-Dongeradiel, deun by de stêd, mar net de strange regels. Sa ûntstie De Streek oan de Ie, mei ek in goede wetterferbining. Neffens De Tegenwoordige Staat stienen dêr in seachmûne en in pelmûne en ek oare bedriuwen. Al wie de De Streek part fan Betterwurd, hy fungearre as in lyts foarstedsje fan Dokkum.
Dokkum krijt lânhonger[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei 1900 moast Dokkum bûten de grêften útwreidzje. De Streeksters waarden sa Dokkumers. Wol hawwe se besocht om, sa lang as it mooglik wie, op harren sels te bliuwen.
Der kamen mear grinswizigings. Foaral nei de oarloch waard Dokkum in kearn. Der kaam wer in útweiding. Betterwurd waard sa hielendal opslokt troch Dokkum. Wat ferside neist de nije dyk is it âlde Betterwurd noch te finen. Op it âlde grûngebiet fan Betterwurd leit no lykwols in yndustrygebiet. Wêr't eartiids de molkbussen fol makke waarden, wurde no de Dokkumer pipermuntsjes en flaggen makke.
Herberch De Altena[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In apart plak naam de herberch 'De Altena' yn. Tiisdeis spanden de boeren dêr út as se nei de merk gienen. Dat joech in protte drokte en guon Dokkumers gienen der ek wolris hinne as se toarst hienen; dat joech net safolle opskuor. De kastlein hie ek oare funksjes: hy betsjinne de slúskes dy't foar de ôfwettering soargen. Boppedat wie hy, nei't der sein wurdt, ek noch havenmaster. Hy moast der foar soargje dat de skippers harren lisjild betellen.
Yndustry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Betterwurd hie in suvelfabryk en in legere lânbouskoalle. Beide binne se ferdwûn. It fabryk stiet der noch, opparte yn ferskate bedriuwen.