Sweagerbosk
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Noardeast-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2014) | 637 | ||||
Webstee | [] |
Sweagerbosk is in doarp yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. Foar de gemeentlike weryndieling fan 2019 wie it ien fan de 12 doarpen fan yn de gemeente Kollumerlân en wie doe it jongste doarp fan dy gemeente. Earst yn 1940 hat it de status doarp krigen. Dêrfoar wie it in buorskip fan Kollumersweach. Sweagerbosk hat goed 600 ynwenners. De heidebewenners wennen yn heidehutten of spitketen dy’t sûnt it begjin fan de 20e iuw ferfongen waarden troch lytse bakstiennen húskes mei soms noch in stâl ûnder itselde dak. Se besochten yn harren libbensûnderhâld te foarsjen mei it ropen, it draaien fan tou, en it meitsjen fan biezems en skrobbers of it flechtsjen fan matten yn stuollen. Dy waarden dêrnei yn de wide omjouwing útsutele.
De (eardere) heidestreek rekke fan it begjin fan de 18e iuw ôf bewenne en mids 19e iuw wie der, oan de koart foar 1930 ferhurde Boskwei/Bjirkepaad, in streek foarme dy't destiids op kaarten koartwei oantsjutten waard as It Bosk. De heidehutten binne yn it kader fan de Wenningwet opromme, mar ek de earste húskes dy’t yn dat kader boud waarden, binne ferdwûn. Oan de yn 1950 ferhurde Heidewei stienen koartlyn noch twa fan kalksânstien boude spultsjes(fan 1913). It wienen noch geve wenten mei in skuorre foar wat lytsfee, in ko of lânbouprodukten. Arbeiderswenten wurde se ek neamd, omdat de bewenners, njonken in oar berop of los wurk, mei wat lânwurk op in rom hiem lytsskalige feefokkerij bedriuwe koene om sa yn harren ûnderhâld te foarsjen.Sweagerbosk hat him nei 1945 sterk fernijd. Der binne sûnt in soad frijsteande huzen boud, wêrtroch it doarp by De Swadde sterker ferweven is mei Twizelerheide yn Achtkarspelen en De Westerein yn Dantumadiel.
De âlde ôfwettering de Swadde mei pingo’s is in fraai fyts- en wannelgebiet.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1954 : 493
- 1959 : 482
- 1964 : 521
- 1969 : 498
- 1974 : 535
- 2007 : 652
- 2014 : 637
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Wikiwurdboek-side - Sweagerbosk
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sweagerbosk fan Wikimedia Commons. |