De Westereen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Westereen
Map NL Dantumadiel De Westerein.png Doarpsgebiet fan De Westereen yn de gemeente Dantumadiel
Flagge Wapen
Zwaagwesteinde vlag.svg De Westerein wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 5057 [1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 6° 02' E
Webside Webstee De Westereen

De Westereen (Standertfrysk: De Westerein; yn it Nederlânsk earder ek wol Zwaagwesteinde) is ien fan de tsien doarpen fan de gemeente Dantumadiel, yn it súdeasten fan de gemeente.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westereen
Nije Feart, De Westereen

De namme fan it doarp betsjut de westlike ein fan Kollumersweach. It doarp is ûntstien as de westein fan it dykdoarp Kollumersweach, benammen dat part dat yn Dantumadiel lei. Dat dykdoarp, de dyk fan Feanwâlden nei Kollum bylâns, wie fral in doarp fan lytse keaplju en arbeiders. Yn de rin fan de 20e iuw hat Kollumersweach him fierder eastlik, tichter by Feankleaster ûntwikkele, wylst De Westereen him los dêrfan westliker by de Nije Feart ûntwikkele en útwreide nei it suden nei it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Ein 1700 sette de joad Salomon Levy út it Dútske Hessen him yn De Westereen nei wenjen. Westereender bern dy't eartiids foar it earst nei skoalle gienen mochten in stik koeke fan de 'koekebeam' plukke. Dy koekebeam stie ferstoppe op de souder fan de skoalle.

Op 18 desimber 2007 hat de folsleine Ried fan Dantumadiel by moasje besletten de eigen Fryske taalkleur fan it doarp foar de takomst fêst te lizzen. Dêrom waard de offisjele doarpsnamme as 'De Westereen' yn de gemeentlike basisadministraasje fêstlein. De Fryske Akademy hat de namme sa ek yn de wurdboeken opnommen mei de fermelding dat de net-Westereender Friezen de namme ornaris as 'De Westerein' útsprekke.

Fryske Wâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heidespultsje
Klokkestoel op it begraafplak
De yn 2017-2018 ferboude Ferbiningstsjerke (foarhinne de Toertsjerke)

De Westereen leit yn de Noardlike Fryske Wâlden mei in soad beamwâlen en pingo's. Eartiids wie it dêr in soad heide op earme sângrûn. De earmoede wie grut en de plaggehutten waarden bewenne troch grutte hûshâldings.De heidefjilden waarden oan it begjin fan de 20e iuw oanmakke en oant yn de 20e iuw bleaune minsken yn hutten wenjen. Yntusken binne ek de measte stiennen farianten fan dy plaggehutten hast allegear ferfongen troch moderne hûzen.

Noardlik fan De Westereen lizze tusken de Petsleat, de Kollumersweachsterfeart, de Easterbroeksterwei en de Miedwei de Sweagermieden. Utsein de boskjes yn it suden is it lânskip dêr fral iepen. Yn de Sweagermieden fiele ljippen, skrizen, tsjirken en waarlamkes harren thús.

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Westereen leit op de eastigge fan de Nije Feart, in part fan de Swemmer. Dit wetter jout nei it suden ta ferbining mei de Burgumer Mar en it Prinsesse Margrietkanaal en nei it noarden mei Westergeast (Kollumerlân) en it Dokkumer Djip.

De Foarstrjitte ferbynt it doarp nei it easten ta mei Kollumersweach. Nei it westen jout de Boppewei ferbining mei de Sintrale As en fia de Easterein mei Feanwâlden.

Yn it suden hat it doarp sûnt 1902 in halte oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It stasjonsgebou út 1955 wie oant 1998 yn gebrûk en waard yn 2003 ôfbrutsen fanwege âlderdom.[2].

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stânbyld "De Keapman fan de Westereen"
Suze Boschma-Berkhout, 1988
Ien fan de lêste wâldhûskes (Foarstrjitte, 2022)

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De doarpsferiening hjit De Westereen. De feriening 112 organisearret sûnt 2005 om it jier yn febrewaris in doarpsfeest. It sportpark hjit De Wieken. Oan de Sportleane stie it swimbad De Frosk dat yn 2016 oan reapsein rekke en neitiid sloopt is.[3] De Westereen hat in indoor fierljepsintrum. Dêr wurdt winterdeis treend.

  • AVIOS-SVK - gymnastyk
  • AVIOS - follybal
  • Fuotbalferiening De Westereen
  • tennisferiening
  • Harmonia - korps
  • It Koarkje - fiskjen
  • ANJA - tafeltennis
  • Ids - skeelerjen
  • Hynstefreon en Het Paardenvriendje - hynsteriden

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1744 1848 1900 1954 1959 1964 1969 1974 2000 2004 2007 2014 2021
Ynwenners 204 1.027 2.134 3.594 3.723 4.053 4.313 4.617 5.002 5.119 5.164 5.087 5057

Berne yn De Westereen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten fan De Westereen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Dantumadiel
Flagge fan de gemeente Dantumadiel
Haadplak: Damwâld
Doarpen en útbuorrens: BroeksterwâldDriezumDe FalomFeanwâldenFeanwâldsterwâl (foar in part) • RinsumageastReadtsjerkSibrandahûsWâlterswâldDe Westereen
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld
Eardere doarpen: DantumawâldIkkerwâldMoarrewâld