Springe nei ynhâld

Spoar fan Ljouwert nei Grins

Ut Wikipedy

It spoar fan Ljouwert nei Grins bestiet sûnt 1 juny 1866. De ferbining wie eartiids ûnderdiel fan de steatsline B, dy't fan Harns nei Nijeskâns rûn. It spoar fan Ljouwert nei Grins hat in lingte fan 54 kilometer. Oan it spoar lizze de stasjons Ljouwert - Ljouwert-Kammingabuorren - Stasjon Hurdegaryp - Stasjon Feanwâlden - Stasjon De Westereen - Stasjon Bûtenpost - Grijpskerk - Súdhorn en Stasjon Grins.

De spoarferbining is in desintraal spoar, dat wol sizze dat it net falt ûnder de ferantwurdlikheid fan in Ministearje fan Ferkear en Wettersteat, mar dat it falt ûnder in desintrale oerheid. Dat binne yn dit gefal de provinsjes Fryslân en Grinslân. De ferfierskonsesje is yn hannen fan Arriva. Dêrmei hat Arriva it allinnerjocht om op it trajekt treinen ride te litten.

It spoar waard inkelspoarich oanlein en is net elektrifisearre. Letter waard besluten om it spoar te ferdûbeljen. Doe't bliken die dat ferdûbeljen oer de hiele lingte te djoer wie, is allinnich it stik Feanwâlden - Grijpskerk ferdûbele (sa'n 30 kilometer). Op dit stik fan it spoar jildt in maksimum snelheid fan 140 kilometer it oere. It spoar Ljouwer-Grins is befeilige mei ATB-NG. Op it spoar sûnder boppelieding ride Switserske Spurt-dieseltreinen.

Stasjons en gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
Ljouwert18631863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud
Ljouwert Achter de Hoven1915gjin, stasjon sletten yn 2018
Ljouwert-Kammingabuorren19911991, NS, 1e gebou, abri
Alddeel1915gjin,stasjon sletten yn 1947
Tytsjerk1866gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1950
Hurdegaryp18661964, NS, 2e gebou, Standerttype Vierlingsbeek, by iepening type SS fyfde klasse
Feanwâlden18661973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse
De Westereen1866gjin, gebou út 1955 sloopt yn 2003
Wyldpaad1885gjin, stasjon sletten yn 1887
Feankleaster-Twizel1921gjin, stasjon sletten yn 1938
Bûtenpost18661973, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse
Fryslân/Grinslân
Fisfliet1892gjin, gebou Standerttype Fisfliet

sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1991

Grypskerk1866gjin, 3e gebou in 2005 sloopt, bij iepening type SS fyfde klasse
Súdhorn18661976, NS, 2e gebou, Standerttype Beilen, by iepening type SS fyfde klasse
Den Horn1885gjin, stasjon sletten yn 1938
Hoogkerk-Vierverlaten1886gjin, gebou sloopt yn 1984, stasjon sletten yn 1951
Grins18661896, SS, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: