Springe nei ynhâld

Stasjon Grypskerk

Ut Wikipedy
Stasjon Grypskerk
station Grijpskerk
Stasjon Grypskerk yn 2021
Stasjon Grypskerk yn 2021
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
plak Grypskerk
adres Stationsweg 8
arsjitektuer
stasjonskoade Gk
type Trochgongsstasjon
iepening 1 juny 1866
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1881 2e stasjonsgebou
1976 3e stasjonsgebou
sloopjier 1881 1e stasjonsgebou
1976 2e stasjonsgebou
2005 3e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1881
ûnbekind
2e stasjonsgebou
1976
C. Douma
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline B
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Grypskerk (Grinslân)
Stasjon Grypskerk

Stasjon Grypskerk (Gk) is in spoarweistasjon yn Grypskerk en waard iepene yn 1866 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns). Yn dit Grinslânske doarp waard yn 1976 it tredde stasjonsgebou sûnt 1863 iepene.

2e stasjonsgebou stasjon Grypskerk yn 1970

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 juny 1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1870 waard der oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud.

Al yn 1881 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in ûntwerp dat liket op it standertype SS fjirde klasse.

It stasjonsgebou út 1881 waard yn 1976 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp dat bekend stiet as Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma. Dit gebou wie sûnt de jieren 90 yn gebrûk as atelier fan keunstner Gert Sennema en en baarnde yn 2005 ôf, en waard net ferfongen troch in nij stasjonsgebou.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 1
37400
Stoptrein (Arriva) LjouwertLjouwert-KammingabuorrenHurdegarypFeanwâldenDe WestereenBûtenpostGrypskerkSúdhornGrins Jûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: