Springe nei ynhâld

Stasjon Súdhorn

Ut Wikipedy
Stasjon Súdhorn
station Zuidhorn
Stasjon Súdhorn yn 2007
Stasjon Súdhorn yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
plak Súdhorn
adres Stationsweg 2a
arsjitektuer
stasjonskoade Zh
iepening 1 juny 1866
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1976 2e stasjonsgebou
sloopjier 1975 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1976
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 3
spoarline Steatsline B
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Súdhorn (Grinslân)
Stasjon Súdhorn

Stasjon Súdhorn (Zh) is in spoarweistasjon tusken yn it Nederlânske doarp Súdhorn yn de provinsje Grinslân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.

1e stasjonsgebou stasjon Súdhorn yn 1949

It oarspronklike spoarweistasjon fan Súdhorn wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1869 waard der oan de linkerkant in fleugel oanboud, yn 1891 kaam der oan de rjochterkant in selde fleugel 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by.

It stasjon waard yn 1975 ôfbrútsen en yn 1976 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as hoarekagelegenheid.

Stasjon Súdhorn krige yn 2020 in kearspoar en in tredde perron foar de pindeltrein tusken Súdhorn en Grins.[1]

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 1
37400
Stoptrein (Arriva) LjouwertLjouwert-KammingabuorrenHurdegarypFeanwâldenDe WestereenBûtenpostGrypskerkSúdhornGrins Jûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.
RE 1
37300
Flugge trein (Arriva) LjouwertFeanwâldenBûtenpostSúdhornGrins Stoppet 2x yn it oere yn Feanwâlden en ôfwikseljend yn Bûtenpost en Súdhorn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: