Stasjon Bûtenpost

Ut Wikipedy
Bûtenpost
bouwurk
Stasjon Bûtenpost yn 2007
Stasjon Bûtenpost yn 2007
lokaasje
lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
Gemeente Flag of Achtkarspelen.svg Achtkarspelen
plak Buitenpost vlag.svg Bûtenpost
koördinaten 53° 15' 23" NB, 6° 8' 42" EL
bysûnderheden
type bouwurk Spoarstasjon
subtype Standerttype Douma
boujier 1866
1973 (hjoeddeistich gebou)
arsjitekt Cees Douma
wei of spoar Spoar fan Ljouwert nei Grins
kaart
Stasjon Bûtenpost (Spoarstasjons yn Nederlân)
Stasjon Bûtenpost

Stasjon Bûtenpost (Bp) is it stasjon fan it plak Bûtenpost, dat bestiet sûnt 1866. It stasjonsgebou út 1864 waaard yn 1973 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeistige gebou, ûntwurpen troch yr. Cees Douma.

It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins en wurdt betsjinne troch Arriva.

Bûtenpost is de ienige stop fan de ien kear yn 't oere ridende flugge trein tusken Ljouwert en Grins. Dêrby stoppet er twa kear yn 't oere in stoptrein tusken Ljouwert en Grins.

Simmerdeis, fan maaie oant septimber, ride der freeds en sneons twa treinen deis tusken Lier yn East-Fryslân en Harns. Dy saneamde Inselzuge (eilântreinen) binne benammen ornearre foar Dútske toeristen en reizgje makliker nei de Waadeilannen Flylân en Skylge. Dy Inselzuge binne troch Arriva yn syn tsjinstregeling opnommen, nei't dy út de tsjinstregeling helle waarden omreden de spoarfernijing op it Dútske trajekt Nijeskâns - Lier.

Treintsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster
Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - 1x it oere nei 21:00 en sneins
Ljouwert - Grins Flugge trein Arriva 1x it oere

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Oar iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Streekbus 12: Bûtenpost - Stiensgea - Surhuzum - Surhústerfean - Boelensloane - De Houtigehage - Drachtsterkompanije - Drachten
  • Streekbus 62: Bûtenpost - Kollum - Aldwâld - Westergeast - De Triemen - Kollumersweach - De Westereen - Feanwâlden (- Quatrebras - Tytsjerk - Ljouwert (busstasjon))
  • Streekbus 63: Bûtenpost - Kollum - Kollumerpomp - Ingwierrum - Ie - Jouswier - Mitselwier - Wetsens - Dokkum (busstasjon)
  • Buertbus 101: Koatstertille - Twizel - Bûtenpost - Gerkeskleaster - Strobos - Eibersburen (Grl) - Lytsegast (Grl) - Gruttegast (Grl)
  • Linetaksy 561: Damwâld - Wâlterswâld - Driezum - Feankleaster - Bûtenpost

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spoarstasjons yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
AkkrumBûtenpostDeinumDryltsDronrypFeanwâldenFrjentsjerGrou-JirnsumHarnsHarns-HavenIt HearrenfeanIt Hearrenfean-IisstadionHylpenHurdegarypKoudum-MolkwarLjouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● MantgumSnitsSnits-NoardStarumWarkumDe WestereenWolvegea