Stasjon Hurdegaryp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Stasjon Hurdegaryp is it spoarstasjon yn it doarp Hurdegaryp. It stasjon waard iepene op 1 juny 1866 en leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It oarspronklike stasjonsgebou, út 1863, waard yn 1964 sloopt en ferfongen troch it hjoeddeiske, ienfâldich útfierde stasjonsgebou.

Op 30 maaie 1999 waard de eardere stasjonsnamme Hardegarijp oanpast oan de sûnt 1989 offisjele Fryske namme.

Searje Treintype Rûte Materiaal Frekwinsje
37400 Arriva Stoptrein Grins - Súdhorn - Grijpskerk - Bûtenpost - De Westereen - Feanwâlden - Hurdegaryp - Ljouwert Camminghabuorren - Ljouwert Stadler Spurt 2 kear yn't oere, 1 kear yn'e oere op snein

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]