Standerttype Vierlingsbeek

Ut Wikipedy
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Stasjon Hurdegaryp

It Standerttype Vierlingsbeek is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren fyftich en sechstich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1956 boud yn Vierlingsbeek, fan dêr de namme.

Soart gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

W.B. Kloos wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. It prototype foar dit stasjonsgebou ferriisde yn 1956 yn Vierlingsbeek. Kloos ûntwurp dit type sadanich dat de plattegrûn fan it gebou hieltyd neffens winsk oan 'e pleatslike situaasje oanpasse koe en dat de ûnderlinge opinoarfolging fan 'e romten mei ûnderskate funksjes wizige wurde koe. It skelet fan it gebou soe dêrom út in rige betonnen portalen bestean dat nei ferlet ynfolle wurde koe mei de ferskate funksjes. Dizze foarm fan betonskeletbou mei inselde soart betonportalen waard ek tapast troch arsjitekt Koen van der Gaast by de stasjons Eindhoven en Vlaardingen East, dy 't yn itselde jier as Vierlingsbeek klear kamen. De seis betonportalen, elk 4,50 meter breed, waarden op in ûnderlinge ôfstân fan 4 meter, dwers op de lingterjochting fan de spoarline op perronhichte pleatst en foarmen sa in stramien fan fiif like grutte romten.

Stasjons fan it type Vierlingsbeek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tal boud: 12, tal noch oanwêzich: 7.

Stasjon boud Opmerkingen
Vierlingsbeek 1956 Yn 2004 ôfbrutsen
Almelo de Riet 1957 Pân yn gebrûk as snackbar
Wezep 1957 Yn 2002 ôfbrutsen
Doetinchem West 1959 Pân yn gebrûk as stoffearderij
Koog Bloemwijk 1959 Yn 1986 ôfbrutsen
Wijlre-Gulpen 1959 ûnderdiel fan museumspoorline miljoenenline, en it pân is yn gebrûk as snackbar.
Blerick 1960 Yn 2001 ôfbrutsen
Kerkrade Sintrum 1960 Yn 1995 ôfbrutsen
Soest Súd 1963
Hurdegaryp 1964 Pân is yn gebrûk as jongerensintrum
Bovenkarspel-Grootebroek 1965 Pân is yn gebrûk as winkel
Hoogkarspel 1965 Pân is yn gebrûk as kapsalon