Stasjon Drylts

Ut Wikipedy
It nije 'stasjon' fan Drylts yn 2005
It âlde stasjon fan Drylts yn 1920

Drylts leit sûnt 8 novimber 1885 oan it spoar Ljouwert-Starum en hat sûnt dy tiid ek in stasjon, Stasjon Drylts.

It hie net folle skeeld of it spoar wie net troch Drylts komd. De Twadde Keamer hie nammentlik in moasje oannomd om it spoar net oer Drylts, mar oer Boalsert nei Warkum rinne te litten, mar de Earste Keamer stuts dêr, lokkich foar Drylts, in skoatteltsje foar.

Yn 1938 waard Stasjon Drylts skrast út de tsjinstregeling, mar yn de perioade 1940-1941 stoppen der foar koarte tiid wer treinen. Hjirnei wienen der noch wol frachttreinen dy't hjir stoppen oant septimber 1970. Yn 1954 is it âlde stasjonsgebou sloopt: it wie oerstallich wurden.

Sûnt 1985 stopje der wer treinen yn Drylts, yn dat jier kaam der ek in nije halte, no yn de foarm fan in abry. De abry leit in pear hûndert meter noardeastlik fan de eardere lokaasje fan it âlde stasjon. Yn Drylts fertrekt de trein (yn 2006) 1 kear yn it oere nei Starum. Dit spoar wurdt eksploitearre troch Arriva.


Spoarstasjons yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
AkkrumBûtenpostDeinumDryltsDronrypFeanwâldenFrjentsjerGrou-JirnsumHarnsHarns-HavenIt HearrenfeanIt Hearrenfean-IisstadionHylpenHurdegarypKoudum-MolkwarLjouwert ● Ljouwert - Achter de Hoven (sletten) ● Ljouwert-Kammingabuorren ● Ljouwert-Werpsterhoeke (noch te bouwen) ● MantgumSnitsSnits-NoardStarumWarkumDe WestereenWolvegea