Spoar fan Ljouwert nei Starum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It spoar fan Ljouwert nei Starum

It spoar fan Ljouwert nei Starum is in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan 50,2 km en mei in reistiid fan likernôch 49 minuten.

It spoar waard tusken 1883 en 1885 yn gebrûk naam.

Stasjons[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it spoar lizze 9 stasjons:

Ferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ljouwert hat it spoar in ferbining mei oare spoaren:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 1863 wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn 1875 waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant 16 july 1883 eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant 8 novimber 1885 eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de Nije lannen gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia Boalsert of fia Snits moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de Súdwesthoeke. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn Jellum-Boksum, Mantgum, Boazum, Snits, Drylts, Aldegea, Warkum, Hylpen Molkwar en Warns, en yn 1895 kamen dêr noch Bears, Jorwert, Wiuwert en Skearnegoutum en Nijhuzum by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei Inkhuzen, en fan dêr gong it spoar fierder nei Amsterdam. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.

It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen, mar fan 1890 ôf waard it part fan de Hollânske Spoarweimaatskippij. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. As gefolch dêrfan waard yn 1934 Nijhuzum sletten, en waarden yn 1938 alle stasjons sletten, útsein dy fan Ljouwert, Snits, Warkum, Hylpen en Starum. Yn 1940 waarden alle stasjons wer iepene, útsein Warns en Nijhuzum, mar datselde jier waarden de stasjons tusken Ljouwert en Snits wer sletten, en yn 1941 ek de stasjons tusken Snits en Warkum. Allinnich Boazum waard yn 1943 nochris iepene, mar yn 1944 waard ek dat stasjon definityf sletten. Nei't yn 1964 it fear ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer.

Yn 1972 waard lykwols it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon. Yn 1973 krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon mei Snits Noard. En yn 1985 waard in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn 1999 waard NoardNed as nije gebruker oanwiisd. ProRail is de tasjochhâlder.

Takomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1964 is ferskate kearen útstelt en hef it spoar op, of yn elts gefal it part fan Snits nei Starum. Meast wurdt dan útstelt en ferfang it spoar troch in busferbining. Mar sûnt it idee fan de sweeftrein besprutsen wurdt, wurdt as alternatyf ek de rûte Ljouwert, Starum, Inkhuzen, Amsterdam neamt, mei in fear, in tunnel of sels in dyk. De provinsje Fryslân stjoert lykwols oan op in lichtspoarferbining. Ek de Stifting Stoomtrein Fryslân stelt belang yn it spoar; dy hat fierútwurke plannen om fan Snits nei Starum as de Fryske Steamtrein Maatskippij in museumstoomtrein ride te litte.

Bysûndere halten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de fêste halten hat NoardNed ek in pear kear in bysûndere halte ynfoege. Mei Simmer 2000 wie der foar Orfeo Aqua in halte by de Bombrekken. En mei yngong fan 2002 is der yn Jorwert in halte foar it Iepenloftspul Jorwert.