Frachtstasjon Snits
Frachtstasjon Snits is in earder tram- en treinstasjon foar frachttreinen by Stasjon Snits yn Snits.
It stasjon waard iepene yn 1883, tagelyk mei de iepening fan it spoar spoar Snits-Ljouwert. Ek de stedstrams mei fracht stoppen hjir geregeldwei. Letter is it spoar trochlutsen rjochting Starum. Op it stasjon wie in loads fan Van Gend & Loos. It stasjon is yn 1984 sluten. De spoaren fan it eardere stasjon binne der noch. Op it stee fan it stasjon is in remize en busstasjon boud.
Yn 2010 waard bekend dat op it terrein fan it stasjon de attraksje Stoom Stêd Snits, komme soe. Dy attraksje hie medio 2012 iepen moatten, mar de Fryske Stoomtrein Maatskippij, dy't de ferbining mei Stasjon Starum útfiere moatten hie, is yn 2011 fallyt gongen. Dêrmei is it der net mear fan kaam.