Tramwei Snits-Boalsert

Ut Wikipedy
Tramwei Snits-Boalsert
Goaiske Tram mei Henschel-stoomlokomotyf yn Stasjon Naarden-Bussum, anno 1940.
It tramspoar yn Boalsert, 1964

De tramwei Snits-Boalsert bestie fan 1882 oant 1968.

Op 8 augustus 1882 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line Snits-Boalsert iepene. In ôfstân fan mear as 10 km. Yn 1886 waard de tramwei fan Snits út trochlutsen nei De Jouwer-It Hearrenfean en fan Boalsert út oer Arum nei Harns.

Snits krige de tramferbining in jier foardat de spoarline Ljouwert-Snits iepene waard. It earste trammaterieel waard oer de dyk en it wetter troch de stêd ferfierd nei it tramstasjon ta.

De fjouwerkante Henschel-tramloc's (de stoofkes yn de folksmûle) spanden harren yn foar fracht- en reizgerstrams.

Frachtferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Snits bestie lange tiid gjin oansluting tusken de tramwei nei Boalsert en de spoarline nei Ljouwert ta. Dizze oansluting waard oan it begjin fan de tweintichste iuw winsklik achte omdat de NTM dan ek spoarfrachtwagons oer har line trochfiere koe. Sadwaande waard yn 1921 in ferbiningsbôge mei in straal fan 70° oanlein tusken it NTM-tramstasjon en it NS-emplasemint fan Snits.

In stik of wat beammen, dy't te ticht by de tramwei stienen (binnen it "profyl"), moasten kapt wurde, en de baan ferswierre foardat spoarfrachtwagons nei Boalsert ride koenen. De NTM brûkte hjir in oantal keppelwagens foar ( der stiet noch ien yn Museumsteamtram Hoarn-Medemblik yn Hoarn te sjen is), dêr't de wagons mei efter de tram hongen waarden.

De trochfier fan spoarfrachtwagons fertoande in opgeande line sadat ekstra ritten riden waarden. Benammen de molkfabriken yn Snits en Boalsert wienen grutte ferladers. De "Hollandia"-molkfabryk yn Boalsert hie in eigen emplasemint, en de "KNM"-molkfabryk oan de Harste yn Snits wie mei in kopspoar op de line oansluten. Dêrby waarden wagons koalen, keunstdong en oare landbouprodukten trochfierd.

Nei it stopjen fan it persoaneferfier yn 1947 waard it frachtferfier (dat benammen foar de "Hollandia"-molkfabryk yn Boalsert noch fan grut belang wie) troch de NS fuortset, al wie it mei dieseltraksje.

Persoaneferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It persoaneferfier hold úteinlik 5 oktober 1947 op.

Yn 1927/1928 hat in snuorje in trochgeande "tramtrein" Boalsert-Snits-Ljouwert riden. Hjirfoar brûkte de NTM har nije motorweinen fan de searje M1-M7.

Tusken 1928 en 1934 waard de motortram ferfongen troch in steamtram, lutsen troch in "grutte Henschel". Dizze die 44 minuten oer de 22 kilometer spoorline Snits-Ljouwert, wylst dan wol 7 kear ûnderweis stoppe waard.

De Spoarstaking fan 1944 fan 17 septimber 1944 ôf soarge der foar dat de 9 trams dy't alle dagen rieden tusken Boalsert en Snits ek net mear rieden. De line kaam lykwols sa goed as ûnskansearre út 'e oarloch (de Boalserter Blaupoartsbrêge wie wol opblaasd) en op 22 maaie 1945 rieden de earste trams al wer tusken Boalsert en Snits. Oan 'e lêste dei fan de persoanetsjinst ta ried de NTM noch twa kear deis tusken de beide stêden, wêrby't de motor- en steamtrams yn mingd bedriuw rieden.

Haltes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(net folslein)

Oername troch NS yn 1947[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Spoarwegen naam foar de eksploitaasje ek in oantal NTM-personielsleden oer. Tusken 1948 en 1959 waarden de troch NS oernommen frachttramlinen swierdere railstêven (profyl NP46) en dizze waarden op houten en bettere lokaaldwerslizzers lein. Boppedat kaam de baan no folslein yn in ballêstbêd fan grint en sân te lizzen. It ynhelspoar by Ysbrechtum en it NTM-emplasemint yn Snits oan de Bolserterdyk ferfoelen hjirby ek.

De 'Sik' 303 yn hûsstylkleuren fan de NS. (Foto: P. Meijer)

De traksje foar de konvoaien waard fan doe ôf foarme troch in lokomotyf út de searje 200/300, better bekend as 'Sik'. Trochdat yn it trajekt inkele tige krappe bôgen sieten, lykas by Ysbrechtum, wie it spoar ferbean foar de 450'ers, de "Hippels" (NS 500/600) of draaistellokomotiven searje 2200 en 2400.

Wer nei de NTM yn 1949[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Per 1 oktober 1949 besleat de NS de eksploitaasje wer oan de NTM op te dragen, sadat de tastân wer omkeard waard. De NS fersoarge no it frachtferfier yn opdracht fan de NTM. Sa ried de NTM-machinist Kunst wer de deiske ritsjes fan Snits nei de "Hollandia"-molkfabryk yn Boalsert.

Wer nei de NS yn 1958[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omdat hieltyd mear NTM-personiel mei pinsjoen gie ferfoel stadichoan de needsaak om de tramlinen, wêrûnder Snits-Boalsert, by de NTM yn eigendom te litten. Op 24 desimber 1958 joech de Minister fan Ferkear en Wettersteat tastimming om de line Snits-Boalsert wer oan de NS oer te dragen. Fan dy datum ôf wienen it benammen lokomotyfbestjoerder Zijlstra en 4 fêste ranzjearders út Snits dy't de frachttrams rieden.

De Sikken (benammen de fêste Snitser Sikken 249, 259 en 286) koenen yn Snits net mear yn de healrûne lokloads stald wurde. Njonken de loads waard dêrom in golfplaten loadske boud dêr't 1 Sik yn stald wurde koe. Dizze moast dêrta noch wol de âlde (hânbetsjinne draaiskiif brûke. De oare lokomotors oernachten bûten op it emplasemint.

It NTM-emplasemint aan de Boalserterdyk yn Snits waard yn 1947 saneard. It stasjonsgebou anneks lokloads en de wagonloads steane der noch altyd. De loads yn Boalsert waard yn 1992 ôfbrutsen. Yn it âlde NTM-stasjon fan Boalsert sit al jierren in garaazje.

Mei útsûndering fan de passaazjes troch Snits, Ysbrechtum, Nijlân en Boalsert lei de line 'op frije baan' yn de berm fan de âlde Rykswei Snits-Boalsert. Hjir koe de Sik noch wol wat snelheid meitsje.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It frachtferfier rûn hieltyd fierder tebek. Yn de jierren sechtich waard noch mar ien kear deis nei Boalsert riden. It slim tanimmende ferkear oer de dyk makke boppedat de passaazje fan de Boalserter binnenstêd hieltyd slimmer. Faak wie der oerlest fan binnen profyl parkearde auto's, wylst it opspoaren fan de eigner in soad tiid ferge en inkeldris wie der wat blikskea. Om ek kostbere spoarfernijings te foarkommen waard besletten om de line yn 1968 op te heffen.

Op 28 juny 1968 ried de lêste frachttram ûnder tige grutte belangstelling fuort by de Boalserter 'Hollandiafabryk'. Trettjin by Hollandia beladen wagons en fjouwer lege wagons en in Dg (frachttreinbegeliedingswein) foar de genoadigden, makke it needsaaklik dat der 2 Sikken foar de tram kamen. Bûten de Snitser NS 259 kaam de NS 223 mei de traksjeopsjenner spesjaal út Ljouwert oer. Mei begelieding fan spandoeken, flaggen en krânsen die de tram trije kertier oer de pear hûndert meters tusken it fabryk en it Boalserter stedhûs wêr't taspraken holden waarden. It gemeentebestjoer hinge de Boalserter stedsflagge op de Sik. Dizze flagge hat noch jierren as oantinken yn it stasjon fan Snits hongen. De lêste wein hie as opskrift; "Dei fûgels, dei blommen, dei Sik" mei in knypeach nei de destiids populêre TV-searje Pipo de Clown. Op 'e dyk stiein smite folk jûchhei te roppen nei de tram en de bemanning fan de tram krige ridendewei fluitsjende taarten, flessen en sigaren oanbean. In weardich ôfskied fan in tram.

Letter waard begûn mei it ôfbrekken fan de mear as 10 kilometer lange ferbining. Yn 1969 koe men sadwaande noch geregeld in Sikje mei inkele iepen weinen op de line oantreffe. De frij kommende grûn waard brûkt foar dykferbreding. Tusken Nijlân en Boalsert waard om 1991 hinne in fytspaad oer it âlde trasee oanlein. Achter Nijlân (Trije Diken) waard de brêge yn it fytspaad op de lânhaden fan de eardere trambrêge boud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]