Arum
| Arum | ||
| De Gekroonde Leeuw Sytzamawei 15 - herberch út 1867 - wie in halte oan de tramline Harns - Boalsert | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.045 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 9,77 km² (9,62 km² lân, 0,15 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 109 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8822 | |
| Netnûmer | 0517 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 7' 47" NB, 5° 28' 31" EL | |
| Himrik fan Arum yn de eardere gemeente Wûnseradiel | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Arum | ||
| Kaart | ||

Arum is in Frysk doarp yn it uterste noarden fan 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit yn 'e Greidhoeke, noardlik fan Wytmarsum en hat 1.045 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Under it doarp falle ek de buorskippen Baarderbuorren en de Grauwe Kat.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1275 as Aldenum. Yn 'e iere 15e iuw komt Aeldrum en letter ek Alderum. De fariant Arum komt sûnt 1466 foar. Ferskate kaarten út de 16e iuw neame Alt Arum. In kaart mei Fryske farianten út 1595 neamt Arom. Yn 'e 19e iuw ferskine Arum en Aarum.
De namme is nei alle gedachten ôflaat fan "hiem" fan 'e persoanenamme "Alder", dat de grûnbetsjutting "eal" hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om likernôch 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom wurdt tocht dat Arum doe ûntstien is, op it plak fan Baarderbuorren.
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Lúntsjerk en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man omkamen. Goed 50 jier letter yn 1420 waard dêr fannijs slach levere. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden doe nei Lúntsjerk werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 waard by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.
Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wiene: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei).
It measte ferfier yn Arum gie earder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2011 wie it part fan 'e gemeente Wûnseradiel.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Arum bestiet út trije fliëkamen. Om't de boeren eartiids bekend stiene om harren fliejepleach. Hja fûnen dêrom de fliejekaam út. De Arumer boeren binne der nea folle better fan wurden, want se ha der nea in oktroai op hân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De feriening foar Doarpsbelang behertiget de belangen foar it doarp. It âldste doarpshûs fan Fryslân waard yn 1926 yn Arum oprjochte. It wie in houten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan 't Algemien. It kontaktbledsje hjit De Skille.
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 2017 hie it doarp twa skoallen; de iepenbiere skoalle De Opslach en de kristlike skoalle De Hoekstien. Dêrnei binne de ta skoallen gearfoege ta de moetingskoalle De Oanrin.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fuotbalferiening Arum
- Tennisferiening Arum
- GF Sparta - gymnastyk
- Keatsferiening Willem Westra
- Thrium - foljebal
- Kulturele Kommisje
- Frysk Selskip Arum
- Teater Selskip Arum
- iisklup Arum
- CMV Wubbenus Jacobs (fanfare)
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 1.269 | 1.202 | 1.134 | 1.061 | 971 | 1.044 | 1.105[2] | 1.040[2] |
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferneamde Arumers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Arum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser
- Seakle Greijdanus (1871-1948), teolooch
- Jacob Wijngaard (1944), wiskundige en heechlearaar
Stoarn yn Arum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pieter Baukes Yetsenga (1865-1943), keatser
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn de eardere slachterij sit no it Rock&Roll museum
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Arum
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|