Springe nei ynhâld

Maatskippij ta Nut fan 't Algemien

Ut Wikipedy
Gearkomst fan de Maatkippij ta Nut fan 't Algemien yn de Alde Luterske Tsjerke yn Amsterdam, 1791

De Maatskippij ta Nut fan 't Algemien (koartwei 't Nut) is in lanlike feriening mei pleatslike ôfdielings ("departeminten"), oprjochte yn 1784, dy't har as doel stelt it wolwêzen, yn de romste betsjutting, fan yndividu en mienskip te befoarderjen. De feriening stribbet nei yndividuele en maatskiplike ûntjouwing mei in sa heech mooglik kultureel gehalte. De Maatskippij hold en hâldt har dwaande mei saken dy't it algemien belang tsjinje, lykas ûnderwiis, ûntwikkeling en maatskiplike diskusje. Hy hat dêrmei in bydrage levere oan de demokratisearring fan Nederlân.

Fan begjin ôf oan hat de Maatskippij harsels sjoen as in ynstelling foar folksûntwikkeling, en dat betsjutte - wol 150 jier lang - foar ûntwikkeling fan it "legere folk", de efterstelden.[1]

Martinus Nieuwenhuyzen (1759–93)

De Maatschappij van Konsten en Wetenschappen, tot nut van 't Algemeen waard yn 1784 yn Edam stifte troch in selskip fan seis persoanen wêrûnder Jan Nieuwenhuyzen, in doopsgesind learaar en predikant út Monnickendam. Ek syn soan Martinus Nieuwenhuyzen hearde ta de stifters en hie in grut oandiel yn sawol it opstellen fan de plannen as de útwurking dêrfan. By de politike konflikten tusken de prinsgesinden en patriotten kaam it prinsgesinde stedsbestjoer fan Edam yn konflikt mei de Maatskippij wêrfan de measte leden mei de patriotten sympatisearren. Dêrop waard yn Amsterdam in nij haadbestjoer fêstige, en waarden de algemiene gearkomsten tenei yn Amsterdam holden. Yn Rotterdam wie de heechlearaar Johan Jacob le Sage ten Broek aktyf.

It biedwurd fan 't Nut is: "Kennis is de weg naar persoonlijke en maatschappelijke ontwikkeling". Ynearsten organisearre de Maatskippij priisfragen oer ûnderwiiskundige en opfiedkundige kwestjes. Letter waard 't Nut, mei in grut tal pleatslike ôfdielings, de grûnlizzer fan de Nutssparbank (1818, letter ûnderdiel fan Fortis), de Nutsfersekering, de Nutslêssealen en Nutsskoallen (Nutsûnderwiis) en Nuts-Folksuniversiteiten. Yn 1795 waard de earste Kweekskoalle foar ûnderwizers fan Nederlân oprjochte troch 't Nut (folge troch kweekskoallen yn Amsterdam (1796), Grins (1797) en Leien). Yn de 20e iuw waarden de measte fan dy taken oernomd troch de oerheid of it bedriuwslibben.

Yn 1984 waard de Nutslearstoel yn de Skiednis fan it Underwiis oan de Universiteit Utert ynsteld. De earste besetter fan dy learstoel wie de ûnderwiishistoarikus prof. Nan Dodde. Bekende foarsitters waarden Johanna ter Meulen, Anthony Modderman en Pieter Johannes Veth.

De Maatskippij is aktyf oant hjoed de dei (2018). Yn Nederlân besteane sa'n 85 Nutsdeparteminten: selsstannige ferienings ûnder lieding fan in lanlik maatskippijbestjoer dat it behâld fan it gedachtegoed fan de Maatskippij beweitst.

It lanlik sekretariaat fan de Maatskippij siet sûnt 1981 wer yn Edam, it plak dêr't It Nut yn 1784 syn earste gearkomst hie. Wyls binne de wurksumheden fan it sekretariaat oernomd troch meiwurkers dy't net mear fanút it kantoar yn Edam wurkje.[2]

Algemien sekretarissen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Perioade Sekretaris
1785 - 1793 Martinus Nieuwenhuyzen
1793 - 1802 Gerrit Brender à Brandis
1802 - 1841 Hendrik Ravekes
1841 - 1881 Petrus Marius Gerardus van Hees
1881 - 1887 Arnold Kerdijk
1887 - 1915 Jan Bruinwold Riedel
1915 - 1917 Henri Petrus Johan Bloemers
1917 - 1943 Jacob Hovens Greve
1943 - 1945 J.D.D. Pruissen[3]
1945 - 1946 Pieter Jan Bouman
1946 - 1965 Pieter Hendrik Schröder
1965 - 1978 Jan Jacob Klijn
1978 - 1984 Albert Antonius van Bommel[4]
1984 - 1993 (ûnbekend)
1993 - 2000 Eduard Nieuwenhuijzen Kruseman
2000 - 2011 F.J. (Rik) Goedman
2011 - 2012 -
2012 - 2017 M.M. (Maarten) Rietveldt
2017 - Bas Andeweg

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. W.W. Mijnhardt en A.J. Wichers (red.), Om het algemeen volksgeluk: Twee eeuwen particulier initiatief 1784-1984: Gedenkboek ter gelegenheid van het tweehonderdjarig bestaan van de Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, Edam: Maatschappij tot Nut van 't Algemeen, 1984. ISBN 90-9000-802-0
  2. It oarspronklike gebou waard yn 2017 te keap oanbean, it ferieningsargyf waard ûnderbrocht yn it Stedsargyf Amsterdam.
  3. waarnimmend sekretaris.
  4. "waarnimmend"