Monnickendam

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
LocatieWaterland.png
Map NL - Waterland - Monnickendam.png
Haven fan Monnickendam

Monnickendam is in stêd yn de Nederlânske gemeente Wetterlân dat leit oan de Gouwzee yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân.

Stedsrjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 febrewaris 1355 – de dei nei Sint Matthijsdei – krige Monnickendam fan de greve fan Hollân, Willem V, hânfesten en privileezjes, ek wol stedsrjochten neamd. Monnickendam krige wichtige foarrjochten, wêrtroch't de stêd mei oare stêden (fan Hollân) goed op de kaart kaam te stean. De stêd Monnickendam foarme in eigen rjochtsgebiet mei in eigen wetjouwing, in eigen rjochtspraak en in eigen bestjoer. Dit betsjutte it begjin fan fierdere groei. In tsjerkegebou waard setten op de trijesprong Kerkstraat, Noordeinde, Middendam. Yn de tweintichste iuw is allinnich de Boarterstoer noch oer.

Yn 1356 waard ek in begjin makke mei de útwreiding fan de stêd en om 1400 hinne waard by de hjoeddeiske Grutte of Sint-Nikolaastsjerke in kleaster boud mei de namme Mariëngaarde. De Grutte Tsjerke of Sint-Nikolaastsjerke is nei 1400 boud.

Yn 1575 waard de ommuorring fan de stêd ferfongen troch in omwâling mei fjouwer poarten en fjouwer bastions. Op it bastion foar de Suderpoarte waard letter it joadske begraafplak ynrjochte; dêr stiet noch in oerbliuwsel fan de muorre. Fan de rest fan de omwâling tsjûget allinnich de festing, in wannelpaad om it grutste gedielte fan de histoaryske stêd.

It is net ienfâldich in folslein byld te foarmjen fan Monnickendam yn de 14e iuw, omdat der gjin ôfbylden bewarre bleaun binne. Wol is bekend dat Monnickendam yn dy tiid in dúdlike bestjoerlike of ekonomyske sintrumfunksje en in befolkingsomfang hie, dy't rjochtfeardige dat it stedsrjochten krige.

Nammejouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa mooglike ferklearrings foar de namme:

  1. Op dammen yn de festinggrêft waarden wolris stiennen tuorkes setten om it (yllegaal) oerstekken fan de daam der net makliker op te meitsjen. Omdat dy tuorkes ek wol 'monniken' neamd waarden soe Monnickendam dêrnei neamd wêze kinne.
  2. Oant yn de 13e iuw stie it gebiet ûnder ynfloed fan it Fryske Norbertiner kleaster Mariëngaarde. Muontsen út dat kleaster besoargen Monnickendam mooglik syn namme.