Jacob Wijngaard
Jacob Wijngaard (Arum, 10 juny 1944) is in Frysk wiskundige, emeritus heechlearaar Produksjemanagement oan Ryksuniversiteit Grins en ekspert op it gebiet fan foarriebehearsking en produskjebestjoering.
Wijngaard studearre wiskunde oan de Frije Universiteit Amsterdam oat 1968, en promovearre yn 1975 oan de Technyske Universiteit Eindhoven by Jaap Wessels op it gebiet fan operasjoneel ûndersyk.
Nei syn ôfstudearjen wurke Wijngaard as wittenskiplik meiwurker oan de fakulteit bedriuwskunde fan de Technyske Universiteit Eindhoven. Yn 1982 folge hjir in oanstelling as heechlearaar Operasjonele Research. Fan 1986 - 1986 wie hy hjirneist part-time konsultant by Philips, en fan 1988 - 1992 by Berenschot. Yn 1991 waard hy heechlearaar Produksjemanagement oan de Fakulteit Ekonomy en Bedriuwskunde fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2009 gie hy mei emiritaat.[1]
Wijngaard hat 25 promovendi begelaat, en wie bestjoerslid fan de Feriening Logistyk Management.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1983. Personeelplanning : theorie en praktijk. Mei Jo van Nunen (red.). Alphen aan den Rijn : Samsom.
- 1983. Kwantitatieve methoden bij de bedrijfsvoering.
- 1990. Produktiebeheersing en material management. Stenfert Kroese
- 1991. Minimizing total weighted earliness, tardiness and setup costs. Mei Hans ten Kate.
- 1992. Commercieel samenwerken : intensiveren van de relatie tussen afnemer en leverancier.
- 1995. Minimizing weighted total earliness, total tardiness and setup costs. Mei Hans ten Kate.
- 1999. Decomposed versus integrated control of a one-stage production system. Mei A.L.A. Broersma en Gerard Sierksma.
- 1998. Produktiebeheersing en material management. Mei Jan Willem Bertrand en Johan Wortmann.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|