Springe nei ynhâld

Jo van Nunen

Ut Wikipedy
Jo van Nunen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Arnoldus Elisabeth Emmanuel van Nunen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 desimber 1945
berteplak Fenlo
stoarn 12 maaie 2010
stjerplak Vancouver
wurkpaad
berop/amt yngenieur
jierren aktyf 1984-2010 Heechlearaar logistyk

Johannes Arnoldus Elisabeth Emmanuel (Jo) van Nunen (Fenlo 23 desimber 1945 - Vancouver 12 maaie 2010) wie in Nederlânsk yngenieur, heechlearaar logistyk oan de Erasmus Universiteit Rotterdam, en saakkundige op it mêd fan logistyk, Supply Chain Management en Operations Research.

Van Nunen studearre tapaste wiskunde oan de Technyske Universiteit Eindhoven oant 1971, en promovearre dêre yn 1976 by Jaap Wessels op it proefskrift "Contracting Markov decision processes". Nei syn stúdzje bleau er yn Eindhoven oan de universiteit as wittenskiplik meiwurker. Yn 1978 wie er in jier gastheechlearaar oan de North Carolina State University yn de Feriene Steaten. Yn 1984 waard er beneamd ta heechlearaar oan it Ynteruniversitêr Ynstitút Bedriuwskunde yn Delft. Doe't dat ynstitút opnaam waard yn de Erasmus Universiteit Rotterdam as fakulteit Bedriuwskunde, no de Rotterdam School of Management, ferhuze er mei. Walther Ploos van Amstel wie ien fan dejingen dy't by him promovearren.

Van Nunen hie in dieltiidbaan by Deloitte. Fierder wie er jierrenlang bestjoerslid en sûnt 2009 foarsitter fan de Feriening Logistyk Management. Hy wie in warber meiwurker yn it EICB (Expertise- en InnovatieCentrum Binnenvaart), en wie er ien fan de grûnlizzers fan it ûndersyksynstitút Dinalog (Dutch Institute for Advanced Logistics) yn Breda. Yn 2007 ûntfong er de IBM Faculty Award, in oeuvrepriis foar syn hiele wittenskiplike wurk.

  • 1976. Contracting Markov decision processes. Proefskrift Eindhoven
  • 1982. Een decision support systeem voor locatie en allocatie problemen bij een drankenconcern. Mei Jacques Benders.
  • 1983. Personeelplanning : theorie en praktijk. Mei Jacob Wijngaard (red.). Alphen aan den Rijn : Samsom.
  • 1984. Beslissings-ondersteunende systemen : een blijvende uitdaging. Inaugurele rede Delft, Interuniversitair Instituut Bedrijfskunde
  • 1993. Organisational redesign through telecommunications exploring authority shifts in agency relationships. Mei Hans van der Heijden en Rene Wagenaar.
  • 1999. SimLog: simulatie en logistiek rond de haven. Mei Leonard Verspui.

Keppeling om utenss

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]