Springe nei ynhâld

Slach by Arum

Ut Wikipedy
Slach by Arum
Part fan de partijstriid tusken Skieringers en Fetkeapers
datum: 4 july 1380
plak: Arum
útkomst: ûnbeslist, 130 deaden
konfliktpartijen
muontsen fan it Kleaster Ludingatsjerke muontsen fan it Aldekleaster
befelhawwers
Adam fan Lúntsjerk Rein Kamminga

De Slach by Arum wie in fjildslach yn de partijstriid tusken de Skieringers en Fetkeapers en fûn plak op 4 july 1380 tichtby Arum. De striid gie tusken de muontsen fan it Kleaster Ludingatsjerke, dy't ta Fetkeaperske partij hearden, en dy fan it Aldekleaster, Skieringers. Yn it gefjocht sneuvelen mei-inoar mear as 130 manlju.

Eftergrûn en slach

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De muontsen fan de beide kleasters wienen gjin freonen fan elkoar en bestrieden elkoar it besit fan lân en guod. Geregeldwei fûnen botsingen plak tusken de muontsen. Doe't Rein Kamminga yn 1377 abt waard fan it Aldekleaster berikte de fijânskip tusken de kleastermienskippen in nij hichtepunt. De abt fan it Aldekleaster wie in opljeppend en kriichshaftich Skieringer. Hy fersleauke it bestjoer fan syn kleaster sa bot, dat er muontsen likebruorren mear mei de wapenhannel en dêrmei gearhingjende beöefening gewurde liet as it dwaan fan harren tsjerklike plichten en it wêzen fan stille foarbyldige muontsen. Sels de lânbou waard sawat efterwegen litten, sadat grutte earmoede en hongersneed it gefolch wie. De abt fan Lúntsjerk Adam, wie like kriichshaftich as Rein Kamminga en wie de Fetkeaperske partij tadien. Ek op syn kleaster wie it hantearjen fan wapens troch muontsen mear regel as útsûndering.

Op 4 july kaam it tusken beide kleastermienskippen ta in regele fjildslach. Swier bewapene stienen de muontsen tsjinoer elkoar en it gie hurd tsjin hurd. It gie op dy dei der sa fûleindich oan ta dat er mear as 130 muontsen yn de striid sneuvelen. De striid einige ûnbeslist sûnder oanwiisbere winner. Unfersoene waard it slachfjild ferlitten en beide groepen wachtsje op nije gelegenheden om harren te wreken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: