Springe nei ynhâld

Kleaster Lúntsjerk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleaster Ludingatsjerke)
Segel fan de abt fan Lúntsjerk, 25 maaie 1313
Kaart dêr't Lúntsjerk, Achlum en Bierrum markearre binne

Kleaster Lúntsjerk, ek wol Kleaster Ludingatsjerke, wie in earder kleaster by Koetille ûnder Mullum. It kleaster is yn 1157 stifte en wie haad fan de reguliere koarhearen en sels ôfhinklik fan kleaster Rolduc yn Limburch. Hjirwei waarden ek de parochys fan Hitsum en njoggen oare doarpen yn de omkriten betsjinne. It rike kleaster keas yn de 15e iuw foar de Fetkeapers yn harren striid tsjin de Skieringers. Yn 1517 waard it kleaster ferlitten en waard it kleasterbesit fan Kleaster Achlum út bestjoerd. Yn 1535 is it kleaster ôfbrutsen en oerbrocht nei Achlum.

It kleaster fan de oarder fan de Augustiner Koarhearen waard stifte as kapel yn 1157. It inisjatyf gie út fan de famylje Ludinga, en dan benammen troch in Eilwerd Ludinga yn Almenum. Godefridus fan Renen, de acht en tweintichste biskop fan Utert dy’t de Fries Wigbolt as oerste beneamde, bepaalde dat de helte fan de ynkomsten fan de tsjerke fan Minnertsgea foar it kleaster wie. De konvinten Eanjum, Achlum, Skilwert en Oegekleaster waarden út Lúntsjerk wei stifte. It kleaster kaam yn besit fan grutte stikken lân op Teksel en fan de Roomske kening krige it ek hiel Flylân yn besit. Fierders wiene der nauwe bannen mei it yn 1186 stifte kleaster Vinea Domini by Surch. De rûte tusken de beide kleasters rûn foar in diel oer it histoaryske Papeleantsje by Kimswert.

In 1237 waard troch in stoarm de stins fan Lúntsjerk fernield en strûpten grutte stikken lân ûnder wetter. De muontsen groeven grêften om de hannelsfeart te ferbetterjen en Lúntsjerk waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters fan Fryslân. De omkriten bewesten Almenum, Harns waard dêrtroch ek foaroansteand dat it yn 1234 stedsrjochten krige. Sicco Sjaardema, achtste Potestaat fan Fryslân, soe yn 1246 it stik fan Tessel dat fan Fryslân wie oan de abt fan, Alardus en syn neisieten wei jaan. Letter waard dat stik fan Tessel troch de greven fan Hollân ferovere. De wielde fan it kleaster soe der ta laat hawwe dat de seedlikheid efterút gie. De kleasterherfoarming fan 1423 skafte de abtsweardichheid ôf mar dat late net ta ferbettering.

It kleaster wie nochal faak by striid belutsen dat de pastoars fan Frjentsjer, Harns en Hitsum kleiden by de eallju. De muontsen soenen har mear ûnderwerpe moatte oan de kleastertucht. Dizze herfoarming waard oplein troch Kapittelhearen fan it kleaster St. Agnes yn Windesheim út Oerisel tsjinoer de eallju Sikke Sjaerda, Douwe Aylva, Epe te Kee, Douwe Homminga, Douwe Oedzinga te Kimswert, Rienck Ukkesen en Tjaerd Tjaerda. Boppedat krige Lúntsjerk de titel fan proasdij en mocht de sâneintweintichste abt him allinnich noch prior neame.

Yn 1516, by de Gelderske en Saksyske striid yn Fryslân hie Lúntsjerk in soad te lijen. Op it lêst wie der safolle fernield dat allinnich de tsjerke en ien oar gebou noch oerein stiene. De Saksyske oanhingers hawwe dy doe mar yn ’e brân stutsen. De Harnzer drost Crombach hat de stiennen brûkt foar it bouwen fan de by it eardere kastiel (no de Westertsjerke) yn Harns. Op dizze toer waarden yn 1566 de edele Friezen Sjoerd fan Beyma en Hartman fan Galama finzen setten. Lúntsjerk hat fan 1157 oant 1556, krekt 399 jierren bestien.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]