Hitsum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2014) | 225 | ||||
Webstee | www.hitzum.com |
Hitsum (Nederlânsk en offisjeel: Hitzum) is in Frysk doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. It leit súdwest fan 'e stêd Frjentsjer. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde Hitsum ta de nije gemeente Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan it âlde Frjentsjerteradiel. Op 1 jannewaris 2014 hie Hitsum 225 ynwenners.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn it doarp is in plaatsje fûn mei runetekens. Yn 2009 waard noardlik fan Hitsum de fytsbrêge Hitsumer Hichte boud, dy't it Binnenpaad tusken it doarp en Frjentsjer oer de N384 hinne liedt.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der is in feriening foar Doarpsbelang dy't yn it yn 1999 opknapte doarpshûs gear komt. De VVH (Vereniging voor Volksvermaak Hitzum) organisearret it twadeiske doarpsfeest. Oant 2010 wie der in basisskoalle yn it doarp. Wol is der nog in Nederlânsk herfoarme tsjerke. Timoteus is in club foar de jongerein. Alle jierren is der bg. in kluswike en in feestjûn. De Sovo is in soas foar (âld)Hitsumers. In soad bûtenaktiviteiten wurde simmerdeis op it keatsjild hâlden. Oer it doarp en syn ynwenners, ferienings en bedriuwen is in film makke: “Wat foar doarp is Hitsum”, ek op DVD.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Griffel - biljerten
- Pûdelûkers - akkordeonleafhawwers
- Meiïnoar Ien - reisferiening
- Set Troch - toaniel
- Wês Klear - iisclub
- Ut 'e lijte - wynmoleferiening
- De Iendracht - keatsen; organisearret sûnt 2000 elts jier de Ald-Meiers Partij foar famkes
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Hitsum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Beart Oosterhaven (1956), dichter
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Achlumerwei - wei nei Achlum
- Binnenpaad -
- Ds Dijkstrawei -
- Feikemastrjitte -
- Frjentsjerterwei - de wei nei Frjentsjer
- Haadwei -
- Jitze Pieter van Dijkstrjitte - Jitze Pieter van Dijk
- Tsjerkebuert -
- Molewei -
- Noarderbuert -
- Alde Wei -
- Westerhitsum - buorskip Westerhitsum