Tsjerke fan Hitsum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke fan Hitsum
Tsjerke fan Hitsum.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Hitzum wapen.svg Hitsum
adres Tsjerkebuorren 1
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1884
arsjitekt M. Hofstra
boustyl Eklektisisme
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 512687
webside PKN Achlum-Hitsum

De Tsjerke fan Hitsum is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Achlum-Hitsum. De tsjerke stiet oan de Tsjerkebuorren, Hitsum, en is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1883 boud as in Nederlânsk-Herfoarme tsjerke neffens it ûntwerp fan M. Hofstra út Frjentsjer. De earste stienlizzing troch de 5-jierrige soan fan de doedestiidske dûmny wurdt betocht mei in gevelstien yn de noardlike muorre. De nijbou ferfong in tsjerke út de 16e iuw, earder wie de sealtektoer al yn 1819 ferfongen troch in toer mei in ynsnuorre spits. By de ôfbraak fan de sealtektoer wie der praat oer dowestien en dat betsjut dat Hitsum al tusken de 10e en 12e iuw in tsjerke hân hat. Op 4 novimber 1883 waard de hjoeddeiske tsjerke yn gebrûk nommen. Letter is de súdlike muorre bepleistere. Yn 1951 folge in ommitseling fan de toer. Oan de súdlike kant fan de toer is in konsistoarje oanboud. Yn de jierren 1980 is it ynterieur restaurearre. Yn dy tiid binne ek de kroanluchters ophongen.

Oargel

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sealtsjerke wurdt oerkape mei in tonferwulft. De preekstoel stiet oan it eastlike ein en it westlike ein wurdt ôfsletten troch de galerij foar it oargel. Ut it lêste fearn fan de 17e iuw datearje de twa houten lesseners. De fjouwer sierlike tekstbuorden stamme alle fjouwer út it lêste fearn fan de 18e iuw. Ek de achthoekige kânsel stamt noch út de âlde tsjerke en datearret út it begjin fan de 19e iuw. Oan de lessener is in opfallen doke befêstige, it symboal fan de Hillige Geast. It klankboerd is fan lettere datum en tagelyk mei de bou fan de tsjerke makke.

Klok[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 1943 waarden yn it ramt fan de klokkenfoardering troch de besetter de twa klokken út de toer fan de tsjerke helle. Nei de befrijing waard de grutste klok werom fûn en wer ophongen yn de toer. De orizjinele bongel is doe nei alle gedachten wei rekke en yn 2008 waard der in nije bongel montearre. Dy klok waard yn 1637 getten troch Jacob Noteman út Ljouwert.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ienmanualige oargel waard yn 1855 troch de L. van Dam en Soannen út Ljouwert boud. It ynstrumint stiet op in galerij, dy't troch twa houten Konrintyske pylders wurdt ûnderstipe. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 1981 en brocht doe in lytse feroaring yn de disposysje oan.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: