Frjentsjerteradiel (1984-2018)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Frjentsjerteradiel
Franeker Voorstraat.jpg
De Foarstrjitte yn Frjentsjer.
flagge wapen
Flagge fan Frjentsjerteradiel.png Wapen Frjentsjerteradiel.png
Wapen fan Frjentsjerteradiel
lokaasje
Map - NL - Municipality code 0070 (2009).svg
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Frjentsjer
grutste plak Frjentsjer
ynwennertal 20.180 (2017)
befolkingstichtens 196,4 / km²
oerflak 109,17 km²
● wêrfan lân 102,73 km²
● wêrfan wetter 6,44 km²
tal stêden 1
tal doarpen 16
ferkearsieren A31, N384, N393,
Spoar Ljouwert-Harns
skiednis
oprjochte 1984
oant 1851 Barradeel wapen.svg Gritenij Barradiel
Franeker wapen.svg Gemeente Frjentsjer
Franekeradeel wapen 1816.svg Gritenij Frjentsjerteradiel
1851 – 1984 Flagge fan Barradiel.png Gem. Barradiel
Flagge fan Frjentsjer.PNG Gem. Frjentsjer
Flagge fan Frjentsjerteradiel (1962-1984).PNG Gem. Frjentsjerteradiel
opheft 2018
opgien yn Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
no part fan Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
oar
netnûmer 0517, 0518
postkoade 8800–8856
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.franekeradeel.nl
1rightarrow.png Dizze side giet oer de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1984 oant 2018. Foar de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1851 oant 1984, sjoch: Frjentsjerteradiel (1851-1984).

Frjentsjerteradiel (Nederlânsk en offisjeel: Franekeradeel; Frjentsjertersk: Franekeradeel) wie in gemeente yn it noardwesten fan Fryslân mei in kustline oan 'e Waadsee. It haadplak wie de stêd Frjentsjer. Dizze Fryske gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 20.180 minsken, en besloech in oerflak fan 109,17 km², wêrfan 6,4 km² oerflaktewetter. Frjentsjerteradiel ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1984 en gie op 1 jannewaris 2018 op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frjentsjerteradiel lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. De gemeente hie yn it noarden en noardwesten in kustline oan it Waad. Fierders waard er yn it westen begrinzge troch de gemeente Harns, yn it súdwesten troch Súdwest-Fryslân (oant 2011 troch Wûnseradiel), yn it súdeasten troch Littenseradiel, yn it easten troch Menameradiel, en yn it noardeasten troch It Bilt. Yn totaal besloech de gemeente in oerflak fan 109,17 km², wêrfan't 102,73 km² út lân en 6,44 km² út oerflaktewetter bestie. Fan it lân bestie 89% út lânbougrûn en 0,4% út natoergebiet (ta ferliking: yn Fryslân as gehiel wie dat 78%, resp. 12%, en yn Nederlân as gehiel wie dat 68%, resp. 14%).[1]

Utsjoch oer it Waad fanôf de seedyk boppe Easterbierrum.

Frjentsjerteradiel lei yn 'e Klaaistreek. It súdlike diel fan 'e gemeente hearde ta de Greidhoeke, wylst it noarden ûnderdiel útmakke fan 'e Bouhoeke. Justjes besuden de midden fan 'e gemeente lei de stêd Frjentsjer, rûchwei op 'e skieding fan greide en bou. Oan 'e Waadkust leine foar de seediken fan Frjentsjerteradiel oanslibbe kwelders en eardere lânoanwinningsprojekten dy't sûnt 2009 op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO stiene. De gemeente waard trochsnien troch ferskate savelige kwelderwâlen dy't oant 1 m boppe seenivo omheech kamen en faninoar skaat waarden troch leger leine gebieten fan swiere seeklaai. Dy lêste gebieten wiene oarspronklik faak sompen of marren dy't drûchlein wiene, lykas de Doanjumermar.[1]

Yn it part fan Frjentsjerteradiel dat ta de Bouhoeke hearde, waarden benammen jirpels ferboud, sawol konsumpje- as poatjirpels. Fierders wie der, benammen yn 'e omkriten fan Seisbierrum, ek in protte túnbou. Yn 'e Greidhoeke, yn it súdlike part fan 'e gemeente, waard benammen oan feehâlderij dien, yn 't foarste plak fan kij, mei it weidzjen fan skiep as in njonkenbedriuw dat in soad foarkaam. Fearten en kanalen, dy't faak de bochtige fuortsettings fan âlde kwelderslinken wiene, spilen in wichtige rol by de ôfwettering fan Frjentsjerteradiel. Foarbylden dêrfan wiene de Seisbierrumer Feart en De Ryd. Troch de midden fan 'e gemeente rûnen ferskate wichtige ferkears- en ferfiersieren. Dat wiene it Van Harinxmakanaal (de ferbreding út 1951 fan wat oarspronklik de Harnzer Trekfeart wie), it spoar fan Ljouwert nei Harns (dat yn 1863 oanlein waard) en de autosnelwei A31 (dy't yn 1983 de âlde Ryksstrjitwei út 1842 ferfong).[1]

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak fan Frjentsjerteradiel wie Frjentsjer, dat ek de iennichste stêd yn 'e gemeente wie. Dêrnjonken leine der yn Frjentsjerteradiel 16 doarpen: Achlum, Boer, Doanjum, Easterbierrum, Furdgum, Hitsum, Hjerbeam, Kleaster-Lidlum, Peins, Pitersbierrum, Rie, Seisbierrum, Skalsum, Sweins, Tsjom en Tsjummearum. Fierders omfieme de gemeente ek noch de buorskippen: Barrum, De Beinten, Dearsum (Frjentsjerteradiel), Dykshoeke, Doaium, Erkens, Fâltum, De Flearen, It Fliet, Hearema, Holpryp, De Kampen, Keimpetille, Kie, Kystersyl, Koehoal, Koüm, De Krok, Laakwert, Lankum, Lytselollum, Miedum (Frjentsjerteradiel), Molswert, Roptasyl, Salvert, Sânhuzen, Sitlum, Sopsum, Swaarderbuorren, Tallum, Teatlum, Tolsum, Tritsum en It War.

Doarpsgesicht fan Tsjummearum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De (nije) gemeente Frjentsjerteradiel ûntstie by de grutte gemeentlike weryndieling dy't yn 1984 yn Fryslân trochfierd waard. Dêrby waarden de gemeente Frjentsjer en de âlde gemeente Frjentsjerteradiel opheft en gearfoege mei it grutste diel fan 'e gemeente Barradiel. Om't de namme fan 'e nije gemeente itselde wie, waard it nije Frjentsjerteradiel faak as in fuortsetting sjoen fan it âlde Frjentsjerteradiel, dat de stêd Frjentsjer en Barradiel anneksearre hawwe soe. Yn wurklikheid hold it âlde Frjentsjerteradiel yn 1984 folslein op te bestean en koe de nije gemeente better sjoen wurde as in fuortsetting fan 'e gemeente Frjentsjer, dy't syn dominânsje oer de omlizzende plattelânsgebieten yn in bestjoerlike foarm wist te jitten.

Tsjin dizze gong fan saken wie yn Frjentsjer om foar de hân lizzende redens net in soad beswier. It âlde Frjentsjerteradiel hie op 't lêst minder as 4.000 ynwenners, wylst it gemeentehûs yn Frjentsjer fêstige wie, en sadwaande seach men dêr skaalfergrutting as in needsaaklik kwea, al wie men it net alhiel iens mei de wize fan skaalfergrutting dy't fan hegerhân oplein waard.[2] Yn Barradiel lykwols, dat in dúdlike eigen identiteit hie, ûntstie in fûleindige protestbeweging, dy't út alle macht besocht om 'e eigen bestjoerlike selsstannigens te behâlden, sa nedich troch in gearfoeging mei It Bilt.[3] It mocht lykwols allegear net bate, en úteinlik gie it grutste part fan Barradiel op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst it doarp Minnertsgea oan It Bilt tafoege waard en it doarp Winaam by Harns kaam.

Op 1 jannewaris 2018 waard der yn noardwestlik Fryslân in nije gemeentlike weryndieling trochfierd. Dêrby giene Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel en de doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp út noardlik Littenseradiel op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

De PC yn Frjentsjer.
Boer, sjoen fanôf de Doanjumer kant.
'De Waadfisker', monumint foar de hjerringfiskers yn Koehoal.
Weidzjende skiep yn 'e neite fan Seisbierrum.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frjentsjerteradiel hie sûnt syn ûntstean yn 1984 in ynwennertal dat om 'e 20.000 hinne skommele. Yn 2004 hie de gemeente 21.048 ynwenners, en yn 2014 wiene der 20.445 ynwenners. Op 30 april 2017 hie Frjentsjerteradiel in befolking fan 20.180 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 196,4 minsken de km². Op 1 jannewaris 2014 wiene de ynwenners fan 'e gemeente sa oer de ûnderskate plakken ferdield:[4]

plak ynwenners
Frjentsjer 12.781
Seisbierrum 1.744
Tsjummearum 1.414
Tsjom 1.164
Achlum 629
Easterbierrum 561
Rie 435
Doanjum 326
Peins 260
Hjerbeam 253
Hitsum 225
Pitersbierrum 140
Skalsum 134
Sweins 116
Furdgum 60
Boer 48
Kleaster-Lidlum 38

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste (waarnimmend) boargemaster fan Frjentsjerteradiel wie sûnt 1 desimber 2015 Eduard van Zuijlen fan GrienLinks. De gemeenterie fan Frjentsjerteradiel bestie út 19 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan 'e rie út 'e ferskillende politike partijen fan 1998 oant 2018:

Riedssitten
partij 1998 2002 2006 2010 2014
GBF 3 5 3 5 5
CDA 6 5 5 4 4
FNP 3 3 3 2 4
PvdA 5 4 5 3 2
VVD 2 1 1 2 1
D66 1 1
GrienLinks 1 1 1
KristenUny 1 1 1 1
Totaal 19 19 19 19 19

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 858.
  2. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 22.
  3. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 8.
  4. Boarne: Aantal Inwoners per Buurt/Dorp, webside Gemeente Frjentsjerteradiel.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)