East-Dongeradiel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
East-Dongeradiel
Swarte mosk 1.JPG
De buorskip Swarte Mosk, by Ealsum.
flagge wapen
Flagge fan Eastdongeradiel.PNG OOSTDONGERADEEL wapen.svg
lokaasje
Fryslân-Gemeenten (1944-1984) - East-Dongeradiel read.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Mitselwier
grutste plak Eanjum
ynwennertal 6.367 (1981)
befolkingstichtens 64,3 / km²
oerflak 99,00 km²
tal doarpen 13
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 OOSTDONGERADEEL wapen.svg Gritenij East-Dongeradiel
opheft 1984
opgien yn Flag of Dongeradeel.svg Dongeradiel
no part fan Flag of Dongeradeel.svg Dongeradiel
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

East-Dongeradiel, ek stavere as Eastdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Oostdongeradeel) wie in eardere gemeente yn it Noardeasten fan Fryslân, mei 6.367 ynwenners (1 jannewaris 1981),[1] en mei in oerflak fan likernôch 99 km².[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw opspjalten yn Dongeradiel by de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard Eest-Dongeradiel, mei West-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 sil Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân op syn beurt opgean yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Eastdongeradiel, Schotanus/Halmakaart 1718

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadplak wie Mitselwier, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Ie, Ingwierrum, Jouswier, Ljussens, Moarre, Nijewier, Peazens en Wetsens.

Ek it buorskip Bollingwier hearde ta East-Dongeradiel.

Gebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grins fan East-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten waard de gemeente beheind troch de Lauwerssee, en letter de Lauwersmar, mei oan de oare kant Grinslân. Yn it suden waard de gemeente beheind troch Dokkum en troch it Dokkumer Djip mei it Alddjip, mei dêroerhinne Dantumadiel en Kollumerlân. Yn it westen wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei dêroerhinnne West-Dongeradiel.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 53.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 643.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)